De Rammelsbergminen binne minen súd fan 'e Dútske stêd Goslar. Nei mear as 1000 jier yn bedriuw west te ha, waard de myn yn 1988 sletten. Sûnt 1992 heart it mynkompleks ta it UNESCO-wrâlderfgoed. Nei útwreiding yn 2010 stiet it erfgoed no bekend as de Rammelsbergminen, de histoaryske binnenstêd fan Goslar en it Wetterbehear fan de Oberharz.

Rammelsbergminen
UNESCO-wrâlderfgoed
lân flagge fan Dútslân Dútslân
plak Goslar
ûnderdiel fan Rammelsbergminen, Histoarysk Sintrum fan Goslar en it Wetterbehear Oberharz
UNESCO folchnûmer 623
kritearia (i)(ii)(iii)(iv)
ynskriuwing 1992 (16e sessy)
útwreiding 2008, 2010
koördinaten 51° 53' N 10° 25' E
gebiet 1,009.89 ha
buffersône 5,654.69 ha
Webside
www.rammelsberg.de
Kaart
Rammelsbergminen (Nedersaksen)
Rammelsbergminen
UNESCO-wrâlderfgoedlist

De Rammelsberg is in berch fan 635,1 m heech en ûnderdiel fan 'e Harz. Ut de ertsen dêr't de stêd Goslar syn rykdommen yn 'e midsiuwen oan te tankjen hie, waarde û.o. goud, sulver, lead, koper en sink wûn. Mei-inoar binne likernôch 100 mineralen en fariëteiten identifisearre.

Sûnt 1992 steane de Rammelsbergminen op 'e list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO. Yn 2010 hat UNESCO ek it wetterbehear fan 'e minen op 'e wrâlderfgoedlist tafoege. Healwei de 14e iuw rekke de mynbou troch de pest yn in krisis. It ynkringen fan wetter yn 'e putten wie net mear te kearen. Om 't der yn 'e 16e iuw in soad ferlet fan sulver foar it slaan fan munten nedich wie, brochten nije techniken om it wetter ôf te fieren de mynyndustry yn 'e Harz op 'e nij ta bloei. Dêrmei koe djipper groeven wurde en it ôf te fieren wetter waard omset yn enerzjy.

Tusken 1932 en 1945 waarden de gebouwen fan 'e deibou modernisearre en foar in grut part op 'e nij boud. De Rammelsberg wie mei syn non-ferrometalen belangryk foar de oarloch en de drege ferwurking fan ertsen troch flotaasje wie technysk ferbettere. Dêrom koe de myn yn it ramt fan in fjouwerjierrich plan foars útwreide wurde. Sa ûntstiene yn 'e jierren 1936-1937 de hjoeddeiske gebouwen foar de deibou mei de ferwurking op 'e helling en de Rammelsbergskacht. Arsjitekten wiene Fritz Schupp en Martin Kremer, dy't ek oare wichtige yndustriële monuminten ûntwurpen, lykas de ek ûnder UNESCO fallende Zeche Zollverein yn it Roergebiet. Yn dy tiid wurken ek twangarbeiders oan 'e útwreiding en yn de mynbou. Sûnt 2021 waard yn 'e myn ûndersyk dien nei de twangarbeid ûnder de titel Räume der Unterdrückung (Plakken fan 'e Underdrukking). Der waard twa jier lang archeologysk ûndersyk dien nei spoaren op 'e lokaasje fan it kamp en archyfûndersyk fan Preussag, de doetiidske eksploitant fan 'e myn.

 
Rammelsberg.
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rammelsberg fan Wikimedia Commons.