Ramsk wie in Fryske rockband en wie aktyf tusken 1995 en 2010.

Ramsk
band
Byldmateriaal ûntbrekt
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Frysk
sjenre Rock
bestean 19952010
âld-leden Tseard Okkema sang (1995-1998)
Niels Overzet gitaar
leden
Sang &
Gitaar
Piet Douma
Gitaar Berend van den Akker
Bas Eldert Stropsma
Drums Tjitze Venstra

Ramsk waard yn febrewaris 1995 oprjochte, de namme stiet foar tyldrift by skiep en kninen. De line-up bestie doe út Berend van den Akker-gitaar / Eldert Stropsma-basgitaar / Tseard Okkema-sang / Niels Overzet-slachgitaar en Tjitze Venstra op drums. Yn 1996 die Ramsk mei oan Lytske Aaipop. Omdat de band wûn mochten se meidwaan op it grutte Aaipop. Na twa jier stoppe de sjonger. Nei in pear oaren kaam yn 1998 Piet Douma. in skoftke letter waard Ramsk in 4-mans formaasje doe't ien fan de gitaristen der mei stoppe. Sûnt dy tiid binne der fjouwer bandleden. Yn 2009 binne dat Berend (gitaar), Piet (sang), Eldert (basgitaar en eftergrûnsang) en Tjitze (drums eftergrûnsang).

Ramsk spilet gitaarrock mei punk en hardrock ynfloeden mei dêrneist tige ynbannige en sfearfolle klanken. Anno 2007 binne der sels folkynfloeden te finen. De Fryske teksten geane oer ferskate ûnderwerpen.

Ramsk hat spile op festivals en sealen as Befrijingsfestival, Wytbeat, Aaipop, Uteinrock en Feanhoopfestival.

  • Komt (mini-CD, 2000)
  • Keer op keer/ Fel op en del (single, 2001)
  • Dyn eigen lûd ( CD, 2003)
  • It Fjoer (CD, 2007)
  • Älde Jan (single, 2007)
  • Neuzel (single, 2008)

Keppeling om utens

bewurkje seksje