Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden
It Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden (ek wol Ramtferdrach foar Nasjonale Minderheden neamd) is in ferdrach fan de Ried fan Europa. It ferdrach hat ta doel de juridyske erkenning fan nasjonale minderheden en it hoedzjen en noedzjen fan harren rjochten.
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1949 kaam it ramtferdrach foar it earst op it aljemint. It duorre lykwols oant 1990 ear't wer in wurklistpunt wurde soe. De leden fan de Ried fan Jeropa koenen op 1 febrewaris 1995 tekenje, it ferdrach waard jildich op 1 febrewaris 1998.
Doel
bewurkje seksjeIt ramtferdrach is it earste juridyske bewyske fan de Ried fan Jeropa foar it hoedzjen fan nasjonale minderheden. It doel is it bewissigjen fan it fuortbestean fan nasjonale minderheden yn de krite dêr't sy wenje. It ramtferdrach stipet folsleine lykberjochtiging fan nasjonale minderheden troch it mooglik meitsjen fan goede betingsten foar de kulturele ûntjouwing en behâld fan identiteit. It lânsregear mei de nasjonale minderheid net beheine op it stik fan taal, ûnderwiis en media.
Friezen
bewurkje seksjeDe Friezen yn Dútslân en Nederlân binne beide neffens it ferdrach erkend as nasjonale minderheid.
Nederlân
bewurkje seksjeIt Nederlânske regear hie yn 2004 besletten om it ramtferdrach te ratifisearjen. De ratifisearring waard yn 2005 fan krêft.
Dútslân
bewurkje seksjeIt Dútske regear hat it ramtferdrach yn 1997 ratifisearre, yn 1998 waard it ferdrach jildich. Njonken de Friezen binne ek de Sorben, Denen en Roma en Sinty erkend as nasjonale minderheid. Oer hokker Friezen der no erkend wurde moasten wie wat betizing. De Noardfriezen en Sealterfriezen binne taalminderheden, dat sy waarden fuort erkend troch it Dútske regear. Omdat de Eastfriezen gjin Frysk mear sprekke, mar har wol Fries fiele, hat de Dútske steatssiktaris fan Ynlânske Saken Christoph Bergner yn febrewaris 2008 wissichheid jûn oer de status fan Eastfriezen as nasjonale minderheid. Omdat de Friezen yn Dútslân erkend binne as ien groep hearre dêr ek de Eastfriezen by.