Rie fan Jeropa
De Rie fan Jeropa is in gearwurkingsferbân tusken de lannen fan Jeropa, ta befoardering fan ekonomyske, sosjale en demokratyske ûntwikkeling.
Skiednis
bewurkje seksjeDe Rie fan Jeropa is stifte op 5 maaie 1949, troch Belgje, Denemark, Frankryk, Feriene Keninkryk, Ierlân, Itaalje, Lúksemboarch, Nederlân, Noarwegen en Sweden. De rie is stadichoan útwoeksen en op it stuit binne hast alle lannen fan Jeropa lid, 46 fan de 50 lannen.
Ynstellings
bewurkje seksjeDe miene gearkomsten wurde holden yn Straasburch, yn it Paleis fan Jeropa.
Wichtige ynstellings binne fierder:
Leden
bewurkje seksjeDe leden fan de Rie, oardere op datum fan lidwurden:
- Belgje, stiftend lid
- Denemark, stiftend lid
- Frankryk, stiftend lid
- Feriene Keninkryk, stiftend lid
- Ierlân, stiftend lid
- Itaalje, stiftend lid
- Lúksemboarch, stiftend lid
- Nederlân, stiftend lid
- Noarwegen, stiftend lid
- Sweden, stiftend lid
- Grikelân, 9 augustus 1949 (útsletten 1967 - 1974)
- Turkije, 9 augustus 1949
- Yslân, 9 maart 1950
- Dútslân, 13 july 1950
- Eastenryk, 16 april 1956
- Syprus, 24 maaie 1961
- Switserlân, 6 maaie 1963
- Malta, 29 april 1965
- Portegal, 22 septimber 1976
- Spanje, 24 novimber 1977
- Lychtenstein, 23 novimber 1978
- San Marino, 16 novimber 1988
- Finlân, 5 maaie 1989
- Hongarije, 6 novimber 1990
- Poalen, 29 novimber 1991
- Bulgarije, 7 maaie 1992
- Estlân, 14 maaie 1993
- Litouwen, 14 maaie 1993
- Sloveenje, 14 maaie 1993
- Slowakije, 30 juny 1993
- Tsjechje, 30 juny 1993
- Roemeenje, 7 oktober 1993
- Andorra, 10 oktober 1994
- Letlân, 10 febrewaris 1995
- Albaanje, 13 july 1995
- Moldaavje, 13 july 1995
- Noard-Masedoanje, 9 novimber 1995
- Oekraïne, 9 novimber 1995
- Ruslân, 28 febrewaris 1996
- Kroaasje, 6 novimber 1996
- Geörgje, 27 april 1999
- Armeenje, 25 jannewaris 2001
- Azerbeidzjan, 25 jannewaris 2001
- Bosnje en Herzegovina, 24 april 2002
- Servje, 3 april 2003 (It lidmaatskip fan Servje en Montenegro.)
- Monako, 5 oktober 2004
Gjin lid
bewurkje seksjeKazakstan en Belarus binne gjin lid om't hja net demokratysk genôch binne. Fatikaanstêd is taharker. Montenegro hat nei't it ûnôfhinklik waard in oanfraach yntsjinne dy't noch net tastien is. (13 july 2006)
Oare taharkers binne:
Hânfêst
bewurkje seksjeYn de jierren njoggentich fan de foarige iuw hat de Rie fan Jeropa derfoar soarge, dat de taalrjochten fan minsken dy't in minderheidstaal brûke, troch it "Jeropeesk Hânfêst foar regionale talen en talen fan minderheden" beskerme waarden.
Ferwizings
bewurkje seksje- Webstee fan de Rie fan Jeropa Ingelsk