Neurenberger Wetten

(Trochferwiisd fan Rassewetten fan Neurenberch)

De Neurenberchwetten (Dútsk: Nürnberger Gesetze) wiene antysemityske en rasistyske wetten yn Nazy-Dútslân. Hja waarden goedkard troch de Ryksdei op 15 septimber 1935 nei in spesjale gearkomste op de jierlikse Rykspartijdei fan de NSDAP yn Neurenberch.

De Neurenberchwetten waarden buorkundich makke yn it Reichsgesetzblatt (Steatsblêd) op 16 septimber 1935

De wetten bewurkje seksje

De twa wetten wiene:

  • De Wet ta Beskerming fan it Dútske Bloed en de Dútske Eare, dy't it boaskjen en seksuële relaasjes tusken Dútsers en Joaden ferbea. Besteande houliken koene bestean bliuwe. Ek mochten Dútske froulju ûnder 45 jier net foar Joadske hûshâldings wurkje.
  • Ryksboargerskipswet ferklearre dat allinnich Dútsers, of dyjingen dy't besibbe troch bloed, Dútske steatsboargers wêze mochten. De rest wiene ûnderdienen fan de steat, sûnder boargerrjochten. In tafoege feroardering, dy't presys bepaalde wa en wa net Jooadsk wie, waard oannaam op 14 novimber 1935. De Ryksboargerwet wie dy dei dan offisjeel fan krêft. Op 26 novimber 1935 waarden de rassenwetten útwreide mei Romani, doe noch bekend as sigeuners, en swarten. De wetstafoeging bepaalde dat sigeuners fijannen fan de "rasechte steat" wiene, deselde kategory as de Joaden.

Omgeande it bûtenlânsk belied fan de nazys waarden de wetten net útfierd oant nei de Olimpyske Simmerspullen fan 1936 yn Berlyn. Nei't de nazys de macht oernamen yn 1933 begûnen hja harren belied út te fieren mei it foarmjen fan in Volksgemeinschaft (folksmienskip), dat útgie fan ien ras. Rykskânselier en Führer Adolf Hitler ferklearre in lanlike boykott fan Joadske saken op 1 april 1933 en de "Wet ta it ophelpen fan de Beropsamten", oannaam op 7 april 1933, sleat minsken dy't net-Arysk wiene út fan iepenbiere tsjinsten. Boeken ,dy't net-Dútsk wiene, en boeken dy't skreaun binne troch Joadske skriuwers waarden yn in lanlike boekebrân op 10 maaie 1933 opbaarnd. Joadske boargers waarden yntimidearre, narre en waarden slachtoffer fan gewelddiedige oanfallen. Hja waarden ûnderdrukt, harren boargerrjochten en boargerskip waarden ûntnaam en ta einbeslút út de Dútske maatskippij sletten. De Neurenberchwetten hiene minne ekonomyske en sosjale gefolgen foar de Joadske mienskip. Minsken dy't beskuldige waarden mei it oertreden fan de houlikswetten waarden oppakt, en nei it útsitten fan harren straf waarden hja wer oppakt troch de Gestapo en nei konsintraasjekampen stjoerd. Net-Joaden holden stadichoan op mei it hâlden fan kontakten mei Joaden of mei it boadskippen dwaan yn Joadske winkels. Dêrtroch sleaten in soad Joadske saken harren doarren, om't der in tekoart oan klanten ûntstie. Om't it Joaden net langer tastean wie te wurkjen by iepenbiere tsjinsten en oare troch de oerheid stipe ynstellings lykas de soarch en ûnderwiis, wiene sokken as sake-eigeners needsaaklik en sykje foar goedkeap wurk. Emigrearje wie ek net neinimmend, om't Joaden ferplichte wiene en betelje 90 prosint fan harren gânse besit yn belesting foar it ferlitten fan it lân. Nei 1938 wie it hast ûnmooglik foar Joaden en sykje in lân dy't iepen stie harren deryn te litten. In plan foar massaferfiering fan Joaden, lykas it Madagaskarplan, wie ûnmooglik foar de nazys om út te fieren. Yn 1941 waard mei de massaferneatiging fan de Joaden yn Jeropa úteinset.

Sjoch ek bewurkje seksje