De readboarstkes (Erithacus) is in skaai yn de famylje fan de Miggesnappers (Muscicapidae). It skaai hat trije soarten.

Readboarstke.

It binne lytse koarte fûgels, mei koarte, ornaris wat omheechstutsen sturtsjes. Hja hawwe in reade as swarte boarste en antlit, in brune rêch en in wite as grize ûnderside. De Readboarstkes ite ynsekten, wjirms ensafuorthinne, dy't hja op 'e grûn opite.

It Readboarstke wie troch Linnaeus klassifisearre as Motacilla rubecula. It skaai Erithacus is ynsteld yn 1800 troch Georges Cuvier. It skaai wie earder part fan de Lysterfûgels (Turdidae), mar it heart no ta de Miggesnappers (Muscicapidae).

It Japansk readboarstke (Larvivora akahige) en it Rjûkjûreadboarstke (Larvivora komadori) waarden foarhinne ek by de readboarstkes yndield, mar yn 2006 waarden se ferpleatst nei it skaai fan 'e larve-iters (Larvivora).

Klassifikaasje

bewurkje seksje