Boumantsjes
(Trochferwiisd fan Motacilla)
De boumantsjes of wipsturten binne slanke fûgeltjses mei in lange sturt, dy 't se fluch op en del bewege, fandêr ien fan harren namme: 'wipsturt'.
Boumantsjes | ||
Giel boumantsje (Motacilla flava) | ||
Taksonomy | ||
klasse: | fûgels (Aves) | |
skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
ûnderskift: | sjongfûgels (Passeri) | |
boppefamylje: | moskfûgels (Passeroidea) | |
famylje: | piperfûgels (Motacillidae) | |
skaai: | boumantsjes (Motacilla) | |
Linnaeus, 1758 | ||
De fûgels foarmje in skaai, Motacilla, yn de famylje fan de fûgels (Motacillidae). De beamwipsturt (ek beamboumantsje neamd) is yn in oar skaai (Dendronanthus) yndield.
De boumantsjes fan it skaai Motacilla omfetsje op syn minst 14 soarten. De twa belangrykste soarten, it (wyt) boumantsje (Motacilla alba) en it giel boumantsje (Motacilla flava), hawwe in grut oantal ûndersoarten; in diel dêrfan hat neffens sommige wittenskippers de status fan soarte, bygelyks it swart boumantsje (Motacilla (alba) yarrellii).
Soarten
bewurkje seksje- Skaai: boumantsjes (Motacilla)
- giel boumantsje (Motacilla flava)
- eastlik giel boumantsje (Motacilla tschutschensis)
- sitroenboumantsje (Motacilla citreola)
- Kaapsk boumantsje (Motacilla capensis)
- Madagaskarboumantsje (Motacilla flaviventris)
- (Motacilla bocagii)
- winterboumantsje (Motacilla cinerea)
- berchboumantsje (Motacilla clara)
- boumantsje (Motacilla alba)
- Afrikaansk boumantsje (Motacilla aguimp)
- Mekongboumantsje (Motacilla samveasnae)
- Japansk boumantsje (Motacilla grandis)
- Yndysk boumantsje (Motacilla maderaspatensis)