Giel boumantsje
It giel boumantsje (Motacilla flava) is in 16 sm grutte fûgel út de famylje fan de piperfûgels.
giel boumantsje | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Motacilla flava | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
stânfûgel simmerfûgel wintergast |
Oare Fryske nammen
bewurkje seksjeIt giel boumantsje wurdt ek wol gielboarstje of giele wipsturt neamd.
Foarkommen
bewurkje seksjeIt giel boumantsje is der yn ferskillende foarmen. Der binne ferskeidene ûndersoarten (sjoch hjirûnder: Taksonomy) dy't foaral by harren kop ferskille. Se hawwe wol allegear in giele boarst en búk en in grienbrune rêch.
Fersprieding
bewurkje seksjeDe giele boumantsjes komme foar yn it iepen fjild, yn sompen of op it boulân mar it meast yn de greiden, yn de buert fan wetter.
De fûgels briede yn Europa en Aazje, mar oerwinterje meast yn Afrika en it suden fan Aazje. Fan de sustersoarte Eastlik giel boumantsje is der ek in populaasje yn Alaska yn Noard-Amearika, dy fûgels oerwinterje meast súdliker by de Pasifyske kust.
Yn Nederlân nimt it oantal briedpearen stadich ôf: yn 2013-2015 wiene der noch 40.000-60.000 briedpearen, mei de heechste konsentraasje yn East-Grinslân en Drinte. In Fryslân briedt it giele boumantsje foaral by de Waadkust lâns. De fûgel stiet op de Nederlânske Reade list fan fûgels as 'gefoelich'.
Iten
bewurkje seksjeDe giele boumantsjes ite meast ynsekten dy't troch it fee yn de greiden opjage wurde. Se rinne mei de bisten mei at se iten sykje wêrby se hurd rinne en ûnderwilens ek stil steane wêrby se mei harren sturt op en del wippe. Ek at se oerwinterje yn Afrika sykje se it selskip fan boeren mei harren fee.
Fuortplanting
bewurkje seksjeIt giele boumantsje makket in nêst op de grûn ferside tusken it gers. Yn it nêst leit it wyfke 4-6 wyteftige aaien mei griisbrune plakken. It wyfke briedt de aaien yn 11-12 dagen út, wêrnei de jonge fûgels noch 11-13 dagen yn it nêst troch beide âlden fuorre wurde. Dêrnei ferlitte de jongen it nêst wylst se dan noch net fleane kinne. De boumantsjes bringe yn in jier ien of twa nêsten mei jongen grut.
Taksonomy
bewurkje seksjeDizze soarte Motacilla flava ken 10 ûndersoarten; d6erfan wurde ferskate soms as soarten beskôge.
- Motacilla flava flavissima - 'Ingelsk giel boumantsje', Grut-Brittanje, West-Jeropeeske kusten
- Motacilla flava lutea - 'Kaspysk giel boumantsje', Ruslân, Kazachstan
- Motacilla flava flava - 'giel boumantsje', Midden-Jeropa
- Motacilla flava beema, Midden-Aazje
- Motacilla flava iberiae - 'Ibearysk (giel) boumantsje', Iberysk skiereilân, SW-Frankryk, NW-Afrika
- Motacilla flava cinereocapilla - 'Italiaansk (giel) boumantsje', Itaalje
- Motacilla flava pygmaea, Egypte
- Motacilla flava leucocephala - 'Wytkopboumantsje', Mongoalje, Midden-Sibearje
- Motacilla flava feldegg - 'Balkanboumantsje', Balkan, Turkije, Midden-Easten
- Motacilla flava thunbergi - 'Noardsk boumantsje', Skandinaavje, Norad-Ruslân.