De reade geus is in Nederlânske kowesoarte, dy't selsstannich oerlibje kin yn de Nederlânske natuer. De Reade Geus is in krusing tusken it Brandrodekobist en de Salers. It bist is mei opset sin fokt om een grutte gersker yn Nederlân te hawwen, dy't selsstannich de begroeiïng fan de uterwaarden derûnder hâlde kin.

Reade geuzen oan de Waal by Pannerden

De natuer yn Nederlân fûn sûnt de jierren njoggentich fan de 20e iuw baat by saneamde grutte gerskers (ko, hynder) om it tichgroeien fan natuergebieten foar te kommen. Sûnder beweidzjen soe der nammentlik in monokultuer ûntstean en soene in protte planten en bisten ferdwine as net mear weromkomme. Beweidzjen soe it bioferskaat tige befoarderje en beskate fûgels, sûchdieren, ynsekten en planten de kâns jaan om har te fêstigjen yn dy gebieten.

Oant ein 20e iuw waard it beweidzjen dien mei ymportearre kobisten sa as de Skotske Heechlanner, de Galloway en it Heckrund. Yn it ferline hie Nederlân wol kobisten dy't har selsstannich yn de natuer rêde koenen, mar dy binne allegear útstoarn. ARK Natuerûntjouwing woe wer in "eigen" selsrêdsume ko yn Nederlân hawwe en dat is mei de Reade Geus slagge, ek wat it kealjen en it opbringen fan de keallen oanbelanget.

Fan begjin ôf oan hjitte it kobist "Kruisingsrund", omdat der noch gjin goede namme betocht wie. Nei in priisfraach yn 2005 krige it nije ras de namme Rode Geus, in namme dy't betocht waard troch Co Dekker.

It bist hat in djipreade kleur, wat de earste helte fan de namme ferklearret. It twadde part - Geus - slacht op de "Geuzen", dy't har ek, lykas dit kobist, it hiele jier troch goed rêde koenen yn de natuer fan de rûge uterwaarden fan de Nederlânske rivieren.

Keppeling om utens

bewurkje seksje