It Readtsjerkje is in tsjerkegebou yn Readtsjerk. De tsjerke wie oarspronklik wijd oan Martinus.

Readtsjerkje
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Dantumadiel
plak Readtsjerk
adres Tsjerkewei 17
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 12e iuw
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 11696
offisjele webside
Side Readtsjerkje

Foar it each fanôf de dyk liket it Readtsjerkje in 18e iuwsk gebou, mar achter de bakstiennen beklaaiing fan it skip giet swier muorrewurk fan dowestien skûl. De romaanske sealtsjerke út de 12e iuw, krige yn de 18e iuw in nije westgevel mei geveltoer. It koer waard yn de 19e iuw op 'e nij boud mei deselde bakstien as de beklaaing fan de súdlike muorre. De tsjerke is in ryksmonumint.

 
It tsjerkje op in tekening út 1722 fan Jacobus Stellingwerf)

Oant de renovaasje fan om 1880 hinne hie de tsjerke in sânstiennen sarkofaachlid ynmitsele neist de doar yn de súdmuorre. Earst yn 2013 kaam út dat it lid yn it Frysk Museum bedarre wie. It lid mei in figuer dy't de hannen foar it boarst hâld stiet no wer op it oarspronklik plak. [1]

De tsjerke wie ea ryk oan roubuorden. Hjoeddedei hingje der noch twa rútfoarmige buorden mei wapens yn in wyt moarmere list. Yn de toer hinget in klok út 1307. De klok is ien fan de âldste noch liedende klokken fan Fryslân. Oer de flier leit yn it gongpaad in grêfsark foar Feijo Harinxma. De preekstoel is dekorearre mei fykwurk en de tekst út Jehannes 6:35-40.

Yn 1996 krige it Readtsjerkje in nij oargel. It ynstrumint waard yn it midden fan 19e iuw boud troch de firma William Hill & Sons. It stie yn de Anglikaanske tsjerke fan Itteringham (Ingelân) en om't dy tsjerke in nij oargel krige, waard it troch Fokko Feenstra ôfbrutsen en wer op boud yn de herfoarme tsjerke fan Readtsjerk.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald [et.al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, diel 6. Zeist: Rijksdienst voor de Monumentenzorg / Swol: Waanders. ISBN 90-400-9476-4
  1. Frysk Deiblêd, 21 juny 2013: Detective-verhaal rond zerk Readtsjerk.