Rebekka Kadijk
Rebekka Kadijk (Werkendam, 16 juny 1979) is in earder Nederlânske follybalster en strânfollybalster. Mei ferskate partners waard Kadijk njoggen ris Nederlânsk kampioen by it strânfollybal. Ek kaam hja út op de Olympyske Spullen fan 2000, 2004 en 2008.
Rebekka Kadijk | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 16 juny 1979 | |
berteplak | Werkendam | |
lingte | 1,75 m | |
gewicht | 69 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Follybal en strânfollybal | |
O.S. | Sydney 2000, Atene 2004, Peking 2008 | |
karriêre-ein | 2008 | |
ekstra | Njoggen ris Ned. kampioen. | |
wichtige prestaasjes | ||
4x sulver EK 1998, 2002, 2005, 2006 1x brûns EK 2000 |
Libben
bewurkje seksjeEarst rjochte Kadijk har op it follybal, har follybalkarriêre begûn yn 1992 by Foranto Werkendam. Fierder hat hja spile foar Sliedrecht Sport, Cornix Schelle (Belgje) en AMVJ. Yn 1995 makke hja diel út fan de nasjonale jeugdseleksje. Fan 1997 ôf foarme hja mei har suster Debora in strânfollybalduo. It duo waard tusken 1997 en 2000 alle jierren Nederlânsk kampioen en helle op de Europeeske kampioenskippen in sulveren (1998) en in brûnzen medalje (2000). Op de Olympyske Spullen fan 2000 hie it duo gjin súkses, de twa wedstriden dy't spile waarden, giene beide ferlern. Debora Kadijk besleat nei de Spullen op te hâlden. Rebekka Kadijk rjochte har fan 2001 ôf allinne op it strânfollybal en gie fierder mei Marrit Leenstra.
Leenstra en Kadijk waarden yn 2001, 2002 en 2004 Nederlânsk kampioen, stiene yn 2002 yn de finale fan it Europeesk kampioenskip en wûnen yn 2003 in World Cup yn it Sineeske Lianyungang. Op de Olympyske Simmerspullen fan 2004 waard it duo lykwols sûnder in oerwinning te heljen útskeakele yn de groepsfaze. Mei har nij partner waard Kadijk yn 2005, 2006 op 'e nij Nederlânsk kampioen en waard yn deselde jierren op it Europeesk kampioenskip in twadde plak berikt. Mei Mooren pleatste Kadijk har foar de Olympyske Simmerspullen fan 2008. Ek by dy Spullen hie Kadijk gjin súkses, beide wedstriden yn de groepsfaze waarden wer ferlern.
Kadijk makke op 21 oktober 2008 bekend dat se ophâld mei strânfollybal.[1]
Persoanlik
bewurkje seksjeKadijk studearre kommersjele ekonomy en is troud mei Richard de Kogel, dy't ek aktyf is as strânfollyballer.[1] Tegearre hawwe se in soan. [2]
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|