Redbad Klijnstra-Komarnicki

Redbad Klijnstra-Komarnicki (29 novimber 1969 yn Amsterdam) is in Poalsk akteur fan Frysk en Nederlânsk komôf.

Redbad Klijnstra-Komarnicki
akteur
Redbad Klijnstra-Komarnicki
Redbad Klijnstra-Komarnicki
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 29 novimber 1969
berteplak Amsterdam
etnisiteit Frysk
Poalsk
jierren aktyf 1994 – no
offisjele webside
(in) Redbad Klijnstra-Komarnicki yn IMDB
Festyn O Holender! 2010

Libben en wurk

bewurkje seksje

Klijnstra-Komarnicki waard berne as soan fan in Nederlânske heit fan Frysk komôf en in Poalske mem. Hy die it gymnasium yn Amsterdam, mar folge yn Warsjau in toanielopleiding. Hy studearre dêr ôf yn 1994 en bleau dêrnei yn Poalen.

Hy spile yn ferskaat oan Poalske films, telefyzjerigen en teäters, mar ek yn de Dútsktalige film Feuerreiter (1998), in ynternasjonale koproduksje en yn in ôflevering fan de Nederlânske tf-rige De zeven deugden (1999).

Yn de Poalske telefyzjerige Na dobre i na złe ('Yn goede en minne tiden') spilet er sûnt 2007 de Nederlânske dokter Ruud van der Graaf.

Klijnstra-Komarnicki wennet op 't heden yn Warsjau. Hy hat in kafee en is artistyk lieder fan it teäter Centralny Basen Artystyczny yn Warsjau.

Klijnstra-Komarnicki is ek de inisjatyfnimmer fan Festyn O Holender!, in strjitfeest yn de geast fan de Nederlânske keningsdei dat sûnt 2008 alle jierren yn maaie organisearre wurdt foar syn kafee oer.

Yn 2012 spile er de rol fan de Poalske Stenjek yn de Nederlânske skriller De verbouwing.

Unfolslein:;

Film
Telefyzje
  • 2016: Strazacy - Aleksander Szajna
  • 2016: Druga szansa - Coach Andrzej
  • 2015: Ojciec Mateusz - Aleksander Morus

Keppelings om utens

bewurkje seksje