Steatsfoarm

(Trochferwiisd fan Regearingsfoarm)

De steatsfoarm is in typearring fan it bestjoerssysteem dat in lân hat. It jout oan hoe't it regear fan in lân foarme wurdt.

De steatsfoarm omfettet ferskate aspekten:

Nei it steatshaad kin in steat oantsjut wurde as ûnder oaren:

Steatsynrjochting

bewurkje seksje

De steatynrjochting jout oan wa't it liederskip fan it lân hat:

  • Teokrasy - in god is de lieder, of goaden binne de lieders.
  • Diktatuer - ien persoan hat it persoanlik liederskip.
  • Monarchy - ien persoan hat it erflike liederskip.
  • Oligargy - in lytse groep hat it liederskip.
  • Aristokrasy - dy dy't der geskikt foar achte wurde, hawwe it liederskip.
  • Demokrasy - eltsenien hat diel oan it liederskip.

De regearfoarm jout oan hokfoar orgaan regearret:

Fertsjinwurdiging

bewurkje seksje

De fertsjinwurdiging jout oan hoe dejingen dy't diel oan it liederskip hawwe, ynfloed op it regear útoefenje kinne:

  • Absolút - it regear funksjonearret sûnder ynfloed fan oaren.
  • Betrieme - der is ynfloed op it regear fia fertsjinwurdiging.
  • Streekrjocht - eltsenien dy't diel oan it liederskip hat, hat ek sels ynfloed.

De grûnslach fan it regear jout oan wêr't de beslissings fan it regear op bassearre wêze moatte:

Steatferbân

bewurkje seksje

It steatferbân jout oan hoe't de territoriale parten fan in steat har ta inoar en ta it sintrale regear ferhâlde. Yn dit gefal wurdt bygelyks sjoen nei de mate fan autonomy dy't de ûnderdielen fan de steat hawwe. Sa wurdt er bygelyks sprutsen fan: in ienheidssteat, bûnssteat of steatebûn.

Steatyndieling

bewurkje seksje

De steatyndieling omfettet ûnder oare hoe't de útfierende macht opdield is tusken de parten fan de steat en it sintrale regear: sintralisearre of desintralisearre.

Fan dizze aspekten kin in koarte omskriuwing makke wurde. Almeast wurde dêrby wêr mûglik eigenskipswurden brûkt. Ek wurdt fan kombinaasjes dy't in soad foarkomme meast mar ien aspekt neamd.

Bygelyks: Nederlân is in desintrale ienheidssteat mei in konstitúsjonele monargy. Dêrby is dan weilitten dat dy monarchy in kening hat, en dat it lân njonken in grûnwet ek in parlemint hat, wat it lân betrieme fertsjinwurdiging jout.

Lannen dy't in formele omskriuwing fan harren steatfoarm opstelle, sille dêrby ek allinnich dy aspelten neame dy't hja wichtich en posityf fine.