Rehobothtsjerke (De Westereen)
De Rehobothtsjerke is in kristlik-grifformearde tsjerke yn De Westereen.
Rehobothtsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Dantumadiel | |
plak | De Westereen | |
adres | Noarder Stasjonswei 31 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1975-1976 | |
arsjitekt | E. Smits, Dokkum | |
offisjele webside | ||
Side fan de gemeente |
Skiednis
bewurkje seksjeDe earste kristlik-grifformearde tsjerke fan De Westereen waard yn 1914 boud. Twa jier letter hie De Westereen in selsstannige kristlik-grifformearde gemeente. Mei de bou fan in nije tsjerke yn 1925 waard de namme Rehoboth oannomen. De gemeente groeide fierder en yn de jierren 1930 bouden frijwilligen in sydfleugel oan.
De hjoeddeiske kristlik-grifformearde tsjerke is in ûntwerp fan E. Smits út Dokkum, deselde arsjitekt as fan de Sionstsjerke yn Damwâld. De earste stien foar de tsjerke waard lein op saterdei 11 oktober 1975 troch Abele Reitsma. In gevelstien ferwiist nei de wurden yn Mattéus 21:13 (Myn hûs sil in hûs fan gebed neamd wurde). Op 15 desimber 1976 waard de tsjerke iepene.
Oargel
bewurkje seksjeOant 1922 moast de gemeente it dwaan mei in foarsjonger. De foarsjonger waard yn dat jier ferfongen troch in harmoanium. Sân jier letter kocht de gemeente in piipoargeltsje fan de firma Spiering út Doardt, dat in plak krige op de galerij boppe de yngong. It folgjende oargel fan de firma Verweis út Amsterdam krige in plak boppe de preekstoel. Der kaam mei de ôfbraak fan de tsjerke yn 1975 in ein oan dit ynstrumint.
Nei de foltôging fan de nijbou kocht de gemeente in oargel fan de firma Hendriksen & Reitsma út Nunspeet. De disposysje fan it oargel waard tagelyk mei in renovaasje yn 2002 wizige.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|