Reiderwolde
Reiderwolde is in ferdronken feanterijdoarp yn de Midsiuwske Fryske goa Reiderlân. Neffens dokuminten út 1391 en 1420 lei Reyderwolda op de westlike ouwer fan de Reider Ie en benoarden de Tsjamme, by it doarp Megenham.
Namme
bewurkje seksjeDe namme wol sizze dat it plak nei alle gedachten in dochterdelsetting fan de doarpen Easterreide en Westerreide wie. De Abdij fan Werden hie om 1000 hinne grutte besittings yn Hredi in Walda (Reiderwolde) en de net bekende doarpen Uualda en Uppan uualda. Yn de tolfde iuw waard sprutsen fan Reidi in Walda in Tifanbecan of Fifanbecan, dêr't faaks de Fiemel Ae mei bedoeld wurdt. Reiderwolde moast elts jier 62 talinten betelje, wêrfan't de helte as wollen lekkens en boppedat om it jier 36 ramen. Om 1300 hinne waard lân yn Reiderwalde by it doarp Westercili (Westersiel) neamd. Yn dat doarp wie der ek feangrûn.
Skiednis
bewurkje seksjeReiderwolde wie neffens oerleverings út de sechtjinde iuw in grut en ryk doarp mei wol 180 froulju dy't it tastean koene en draach gouden sierguod. Neffens in list fan ferdronken parochys fan 1475 hie it doarp twa doarpstsjerken, Utrederwalt en Uprederwalt. It iene doarp lei faaks fierder yn it feangebiet as de oare. De oerlevering sprekt ek noch fan in kapittel of kanunnikenkolleezje, in mienskip dêr't geastliken ferienige wiene. Yn in testamint fan 1489 waard it dominikanessekleaster fan Easterreide mei fersin as Reiderwolde neamd. It doarp waard yn it kontrakt foar it bedykjen yn 1454 net mear neamd en moast doe al opjûn wêze.
Mooglik strekte lânguod fan Reiderwolde út oer oan de oare kant fan de Reider Ie. It gebiet benoarden Ditzumerverlaat waard op santjinde iuwske kaarten ek wol Reiderhammerick neamd, wylst dykregisters it oer Reiderwehrland hiene.
Yn it ramt fan it Blauwestêd-projekt waard in nij natuergebiet oanlein mei de namme Reiderwolde mei in útsichttoer, natuerteater en natuerbegraafplak.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |