De reidhinnen of echte reidhinnen (wittenskiplike namme: Gallinula) foarmje in skaai fan 'e famylje fan 'e ralfûgels (Rallidae), en de ûnderfamylje fan 'e reidhinfûgels (Gallinulinae). Ta dizze taksonomyske groep hearre 7 libbene soarten en ien útstoarne soarte. Fan 'e libbene soarten binne neffens de Reade List fan de IUCN trije bedrige of krytyk (= hast útstoarn). de twa hast útstoarne soarten wurde ek wol ta it skaai Pareudiastes rekkene. Ien oare fan 'e reidhinsoarten wurdt hoed de dei ta in apart skaai, de Afrikaanske reidhintsjes (Paragallinula) rekkene. De bekendste soarte fan 'e reidhinnen is it reidhintsje (Gallinula chloropus), dy't ek yn Fryslân rûnom foarkomt.

Reidhinnen
In swart reidhintsje (Gallinula tenebrosa)
In swart reidhintsje (Gallinula tenebrosa)
Taksonomy
klasse: fûgels (Aves)
skift: kraanfûgeleftigen (Gruiformes)
ûnderskift: raleftigen (Ralli)
famylje: ralfûgels (Rallidae)
ûnderfamylje: reidhinfûgels (Gallinulinae)
skaai: reidhinnen (Gallinula)
Brisson, 1760