Rein Halbersma (Wânswert oan 'e Streek, 1949 - Kollum, 25 febrewaris 2021)[1] wie in Fryske skilder. Halbersma groeide op yn Wânswert oan de Streek en wennet no (2008) yn Kollum. Fan 1979 ôf lei er him ta op de keunst en folge er lessen by oare skilders. Halbersma skildere in soad bisten, benammen hynders en kij, lânskippen en portretten yn oaljeferve.

Noarderleech 120 x 100 sm.oalje/doek
Noarderleech 120 x 100 sm. oalje/doek

Halbersma wie lid fan keunstnersferieniging FRIA en Keunstwurk.

Der wienen eksposysjes fan him yn ûnder mear it Frysk Lânboumuseum yn Goutum en kultureel sintrum "De Skierstins" yn Feanwâlden. Yn 2020 wie de eksposysje Eachweid te sjen yn Museum Dokkum en museum 't Fiskershúske.

Halbersma stoar nei in siikbêd yn de âldens fan hast 72 jier.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: