Rein van der Pal (1964) is in Fryske dammer en bibletekaris út It Hearrenfean.

Rein van der Pal
sporter
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 1964
sportive ynformaasje
sport Damjen
wichtige prestaasjes
3x Frysk Kampioen

Van der Pal fuotballe by Heerenveense Boys, mar keas úteinlik foar damjen.[1]

Yn 1977 wie syn debút yn it aspirantekampioenskip fan Nederlân tusken spilers as de lettere grutmasters Gerard Jansen, Hendrik van der Zee en Ron Heusdens. Fan 1985 oant 2001 wie er trettjin kear mei oan it Kampioenskip fan Fryslân, dat er yn 1986, 1995 en 2001 op syn namme skreau.

Van der Pal wie súksesfol yn ferskate (iepen)toernoaien. Sa wûn hy bygelyks it "Leeuwarder Open" Yn 1999 wie der hast in Nederlânske titel mei damclub Rinsumageast, mar de beslissende wedstryd gie mei 9 -11 ferlern. Nei syn lêste Fryske titel yn 2001 pleatste Van der Pal syn persoanlike ambysjes op in leger pitsje. As kopman fan damclub Huzum damme er út en troch noch ris in iepen toernoai. Sûnt 2018 dammet hy wer faker.[2]

Fan 1985 oant 1990 wie Van der Pal skriuwer fan de damrubryk yn de Ljouwerter Krante. Mei clubgenoat Tjalling van den Bosch hâlde er it blog Huzumer Highlights yn de loft.[3]

  • Damclub Huizum 1932-2007, ko-auteur mei Sytse Nagel; útjouwer/drukkerij T. van der Let (2007)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Referinsjes

  1. LC 20 febrewaris 1989
  2. Teerling, www.aanzetdammen.nl
  3. Rein van der Pal schittert in Ens, Dagblad van het Noorden, 7 july 2018