Remonstrantske tsjerke (Hoogeveen)

Wikimedia-kategory

De Remonstrantske tsjerke oan de Grote Kerkstraat is in tsjerkegebou fan de remonstrantske gemeente yn Hoogeveen yn de provinsje Drinte.

Remonstrantske tsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Hoogeveen
adres Grote Kerkstraat 39
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1894
arsjitekt J. Carmiggelt
monumintale status provinsjaal monumint
offisjele webside
Side Remonstranten Hoogeveen
Side NGG

De tsjerke waard yn 1894 boud foar de yn 1886 stifte gemeente en bea plak oan 350 minsken. De gemeente wie stifte út ûnfrede mei de tsjerkeried fan de herfoarme gemeente, dy't wegere in frijsinnich predikant te beroppen. De leden fan de remonstrantske gemeente wiene allegear ôfkomstich út de liberale boppelaach.

Yn de rin fan de tiid waarden der in pear feroarings oan it gebou útfierd, lykas in oanbou oan de efterkant foar de jongerein yn 1957. Yn de jierren 1960 fûn in restauraasje fan de tsjerke plak.

De remonstrantske gemeente hat te lijen fan krimp en fergrizing. Tsjintwurdich makket ek de gemeente fan de Nederlânsk Griffoarmearde Tsjerke gebrûk fan it gebou foar harren earetsjinsten.

Ynearsten makken de remonstranten yn Hoogeveen gebrûk fan in Amerikaansk harmoanium, mar yn 1897 kocht de gemeente it út 1658 datearjende Faber-oargel fan de Herfoarme tsjerke fan Coevorden oan. It 17e-iuwske ynstrumint wie yn ûnderhâld by Jan Proper út Kampen, mar nei syn ferstjerren bleau it ûnderhâld fan it monumintale ynstrumint út en waard der klage oer de kwaliteit fan it oargel. Besletten waard in nij oargel oan te skaffen fan de firma A. Standaart út Schiedam, dat op 21 maart 1926 yn gebrûk nommen waard. It 17e-iuwske Faber-oargel waard ferkocht en krige letter in plak yn de tsjerke fan de Rekkense Inrichtingen yn Rekken, dêr't it yn 1934 ferfongen waard troch in oargel fan de firma Valckx en Van Kouteren. Sûnt is it spoar fan it 17-iuwske oargel bjuster. Yn 1960 folge der noch in restauraasje fan it Standaard-oargel, mar yn de rin fan de tiid rekke it oargel bûten gebrûk. De gemeente skafte in elektroanysk Johannes-oargel (Opus 60) oan, dat troch de organist Feike Asma ynspile waard.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: