René Laennec
René Théophile Hyacinthe Laennec, ek Laënnec (Quimper, 17 febrewaris 1781 - 13 augustus 1826 yn Kerlouanec yn de gemeente Ploaré by Douarnenez, Finistère), wie in Frânske dokter. Hy wie de útfiner fan de stetoskoop.
René Laennec | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 17 febrewaris 1781 | |
berteplak | Quimper, Bretanje | |
stoarn | 13 augustus 1826 (45 jier) | |
stjerplak | Proaré | |
etnisiteit | Bretonsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | dokter | |
reden bekendheid |
útfiner fan de stetoskoop |
Biografy
bewurkje seksjeLaennec waard berne yn Quimper (Bretanje). Syn mem stoar oan tuberkuloaze doe't er fiif jier wie. Syn heit, doe luitenant by it ministearje fan Marine yn Quimper, wie net by steat om foar him te soargjen. Dêrnei wenne er by syn âldomke Abbé Laennec (in preester). Yn syn bernejierren wie Laennec faak lusteleas en hie er geregeld koartsoanfallen. Laennec soe ek astma hân hawwe. Doe't er tolve jier wie gie er nei Nantes, dêr't syn omke Guillaime-François Laennec op de medyske fakulteit fan de universiteit fan Nantes wurke. Laennec wie in bejeftige studint.
Hy studearre medisinen oan it Hôpital de la Charité yn Parys dêr't er yn 1804 eksamen die. Yn 1815 krige er in fêste oanstelling yn it Hôspital Necker.
Yn 1816 fûn er de stetoskoop út. Der wurdt ferhelle dat er op it idee kaam doe't er in jonge pasjinte mei hartkwalen ûndersykje moast, mar fanwegen syn ferlegen karakter doarst er syn holle net op har boarst te lizzen. Om dochs nei de hertslach fan de frou harkje te kinnen, rôle er in stik papier op ta in silinder. Hy koe dúdlik har hertslach hearre. Op grûn dêrfan makke er in houten útnimbere koker fan 30 sm lang en 3 sm trochsneed mei yn 'e midden in iepening fan 5 mm. Hy neamde it ynstrumint stetoskoop, nei it Grykske wurd stethos dat boarst betsjut. Laennec ûntduts dat de nije stetoskoop superieur wie oan de normaal brûkte metoade om it ear op de boarst te hâlden, benammen as de pasjint te swier wie. In stetoskoop foarkaam ek de sjêne fan it pleatsen fan it ear tsjin it liif fan in frou.
Hy hat ferskate oandwaningen beskreaun lykas bronchyektasy, melanoom (mei longmetastases) en (lever)sirroaze. Syn grutste bydrage oan de medyske wittenskip wie syn stúdzje fan tuberkuloaze. Leversirroaze wurdt somtiids noch wolris Laennec's cirrose neamd meidat Laennec dy oandwaning syn namme jûn hat.
Laennec stoar yn de âldens fan 45 jier oan tuberkuloaze yn syn bûten Kerlouarnec yn te Ploaré. Yn maaie 1868 waard ta syn eare yn Quimper in brûnzen stânbyld oprjochte. Yn in muorre fan it Hôpital Necker waard in plakette ta syn oantins oanbrocht.
Publikaasjes
bewurkje seksje- Propositions sur la doctrine d'Hippocrate, relativement à la médecine pratique, présentées et soutenues à l'École de médecine de Paris, le 22 prairial an XII (proefskrift, 1804)
- De l'Auscultation médiate, ou Traité du diagnostic des maladies des poumons et du cœur, fondé principalement sur ce nouveau moyen d'exploration (2 volumes, 1819) Tekst online 1 2
- Traité inédit sur l'anatomie pathologique, ou Exposition des altérations visibles qu'éprouve le corps humain dans l'état de maladie (1884)
- La Guerre des Vénètes : poème épique héroï-comique (1931) Tekst online
- Laënnec redigearre de artikelen foar de dielen Médecine de l'Encyclopédie méthodique.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (in) René-Théophile-Hyacinthe Laennec, lemma yn de Catholic Encyclopedia, 1913
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory René-Théophile-Hyacinthe Laennec fan Wikimedia Commons. |