René van Vooren
René van Vooren, skûlnamme fan René Sleeswijk jr. (Amsterdam, 21 april 1931 – Blarikum, 19 novimber 1998) wie in Nederlâns akteur, komyk en produsint. Hy waard foaral beken as 'oanbringer' fan it komyske duo De Mounties.
René van Vooren | ||
akteur | ||
René van Vooren (l) en Piet Bambergen (1983) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | René Sleeswijk jr. | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 21 april 1931 | |
stoarn | 19 novimber 1998 (67 jier) |
Van Vooren wie in soan fan de teäterprodusint René Sleeswijk. Om betizing mei syn heit foar te kommen brûkte er it pseudonym René van Vooren. Yn de jierren 50 wurke Van Vooren mei ûnder oaren Tom Manders. Yn dy tiid kamen ek in pear boekjes fan him út by Jongeneel - Gouda, mei de titel: Applaus - nr 1852 en Schetsen uit het repertoire van René van Vooren - nr 1853. Yn 1960 kaam de single "Ik zing / Kippenlied" op Omega 9 35 276 út.
Yn 1966 folge Van Vooren by De Mounties Fred Plevier op nei dy syn dea. Hoewol't Piet Bambergen en Van Vooren privee gjin freonen wienen, wiene se op it toaniel in tige suksesfol duo.
Nei it ferstjerren fan Bambergen yn 1996 wurke Van Vooren by Joop van den Ende Producties as creative producer. Hy wie dêr ûnder mear belutsen by de André van Duin-shows. Yn 1990 naam Van Vooren tydlik de rol fan oanjouwer oer yn de Andre van Duin revue, doe't Frans van Dusschoten siik wie.[1]
Van Vooren stoar yn de âldens fan 67 jier oan kanker.
Toaniel
bewurkje seksje- Drie in de pan mei Piet Bambergen, Joke Bruijs, Arnie Breeveld
- Er is er één jarig mei Piet Bambergen, Sylvia de Leur, Diana Dobbelman, Guikje Roethof
- Lief zijn voor elkaar mei Piet Bambergen, Joop Doderer, Monique Smal, Jaap Stobbe, Brûni Heinke, Maya Woolfe
- Dikke vrienden (1983) mei Piet Bambergen, Elsa Lioni, Joop Doderer, Brûni Heinke, Paul van Gorcum
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory René van Vooren fan Wikimedia Commons. |