Renée de Haan (Amsterdam, 9 july 1954 – dêre, 2 july 2016) wie in Nederlânsk sjongster. Yn 1988 waard se nasjonaal bekend as fertolkster fan it Nederlânsktalige libbensliet.

Renée de Haan
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 9 july 1954
stoarn 2 july 2016 (61 jier)
wurkpaad
sjenre Libbensliet
grutste hit(s) Vuile huichelaar
jierren aktyf 1985–2016
offisjele webside
http://www.reneedehaan.com/

De Haan waard grutbrocht yn de Amsterdamske wyk de Jordaan dêr't hja al as jong famke yn kafees op it biljert stie te sjongen. Yn 1985 krige se in kontrakt oan by platemaatskippij EMI en yn 1986 brocht de dêr twa singles út yn it typysk Amsterdamsk repertoire, In Een Wereld Zonder Jou en Weet Jij Dan Niet Wat Liefde Is, mar dy waarden gjin hit.

De Haan helle yn 1988 wol de Nasjonale Hitparade en de Nederlânske Top 40 mei it liet Vuile huichelaar, skreaun troch Aad Klaris. Mei Mannen (Steeds weer de verkeerde) helle se dat jier nochris súkses, mar nijere singles waarden gjin hits. Sy wie dêrnei lykwols wol in artyst dy't in protte foar optredens frege waard.

Yn 2004 kaam se yn it nijs nei't se lulk reägearre doe't se net útnoege wie om op it útfeartkonsert fan André Hazes te sjongen. Yn 2007 die De Haan mei oan in reklamekampanje fan Arke Reizen, mei har nije single Nooit Meer Naar Huis. Teffens siet de sjongster yn it SBS 6-telefyzjeprogramma De Afvallers, mar it slagge har net en krij har obesitas ûnder de tomme.

De Haan boaske en krige in soan. De sjonger Pierre de Haan is har broer.

De Haan stoar yn de âldens fan 61 jier oan de gefolgen fan termkanker.[1]

  • 1988: Recht uit 't hart
  • 1989: Lach Maar
  • 1990: Before The Next Teardrops Fall
  • 1992: Zo Is Het Leven
  • 1994: Jij en ik
  • 1994: Grootste Hits
  • 1996: Voor Altijd
  • 2001: Wat Er Echt In Mij Leeft

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Volkszangeres Renée de Haan (61) overleden, NOS.nl, 2 july 2016.