Reparata (hillige)
Reparata is in ier-kristlike martleres, dy't om 250 hinne yn Caesarea Maritima yn Palestina foar har leauwe it libben liet. De namme Reparata komt út it Latynsk en bestjut "dy't wer better woarn is".
Reparata (hillige) | ||
hillige | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
stjerdatum | ± 250 | |
stjerplak | Caesarea (Israel) | |
hillichferklearring | ||
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
hjeldei | 8 oktober (R.-K.) | |
hillichdom | Domtsjerke, Florâns | |
attributen | Martlerskroan, palm, in do, in banier mei in read krús op in wyt fjild | |
patroan fan | Nice, Florâns |
Vita
bewurkje seksjeNeffens de oerlevering waard Reparata yn 'e âldens fan 12 jier yn de tiid fan keizer Gaius Messius Quintus Traianus Decius yn Caesarea yn de romeinske provinsje Palestina nei in ferskriklike martlersgong fermoarde, om't hja as kristinne wegere foar de romeinske goaden te offerjen. Sa waarden de boarsten fan Reparata ôfsnien en harren yngewanten weisnien. Ek waard Reparata op de brânsteapel set. Neffens de leginde fleach by har ûnthalzing in wite do nei de himel.
Reparata wurdt foar it earst yn in martyrologium neamd fan de Angelsaksyske benediktynske muonts, teolooch en kronykskriuwer Beda de Earbiedwurdige .
Reparata is ek de bynamme foar de hillige Pelagia. It wurdt dêrom net útsletten dat de leginde oer Reparata te krijen hat mei Pelagia of dat it om ien en deselde hillige giet.
Ferearing
bewurkje seksjeReparata wurdt benammen yn de Italjaanske stêden Florâns en Napels, mar ek yn de Dútske stêden Worms en Speyer fereare. De foargonger fan de domtsjerke fan Florâns wie de Sint-Reparatakatedraal. Sint-Reparata is de beskermhillige fan Nice en Florâns. Benammen yn Itaalje binne in soad strjitten en pleinen nei har ferneamd.
De feestdei fan de hillige Reparate is troch de katolike tsjerke op 8 oktober fêststeld.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|