Turkmenistan

(Trochferwiisd fan Republyk Turkmenistan)
Türkmenistan Jumhuriyäti
Flagge fan Turkmenistan Wapen fan Turkmenistan
Flagge Wapen
Lokaasje fan Turkmenistan
Offisjele taal Turkmeensk
Haadstêd Asjchabad
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
488.100 km²
0,49­%
Ynwenners (2005) 4.952.081
Munt Turkmeenske manat (TMM)
Tiidsône UTC +5
Nasjonale feestdei 27 oktober
Lânkoade TKM
Ynternet .tm
Tillefoan 993

Turkmenistan is in lân yn Aazje. Eartiids hearde it by de Sowjetuny. De haadstêd fan it lân is Asjchabad

Turkmenistan hat in oerflak fan 488,100 km² en wurdt begrinzge troch:

De heechste berch fan it lân hjit de Ayrybaba (3137m). It klimaat is kontinintaal subtropysk. Der falt oer it hiele jier net folle rein. De simmers binne waarm mei minder strange winters.

Nei de Oktoberrevolúsje yn Ruslân wie der in soad politike ûnfrede yn de regio en dat late ta it stiftsjen fan de Turkmeenske Sosjalistysk Sowjetrepublyk dy't in jier letter ta de Sowjetuny tatreedzje soe. Turkmenistan ferklearre himsels op 27 oktober 1991 ûnôfhinklik fan de Sowjetuny dy't yn datselde jier opholden wie te bestean.

Fan de befolking is 89% moslim en 8% russysk-ortodoksk. Turkmeensk is de offisjele taal fan it lân. Likernôch 12% fan de ynwenners praat Russysk en 5% Oezbeeksk.

Bestjoerlik is Turkmenistan ferdield oer fiif provinsjes of welayatlar (meartal fan welayat):

Provinsje Haadplak Oerflak (km²) Ynwennertal (1995)
Berea Annau 95,000 722,800
Balkan Balkanabat 138,000 424,700
Daşoguz Daşoguz 74,000 1,059,800
Lebap Turkmenabat 94,000 1,034,700
Mary Mary 87,000 1,146,800

De haadstêd Asjchabad falt net ûnder in provinsje mar is in autonoame stêd mei 604,000 ynwenners.