Richard Allensworth Jewell (berne op 1 desimber 1962ferstoarn op 29 augustus 2007) wie in Amerikaanske befeiliger en wetshanthaver. Jewell waard berne as Richard White yn Danville, Virginia. Doe't er fjouwer wie gyngen syn âlden by inoar wei en syn mem Bobi troude letter mei John Jewell, dy't Richard as soan adoptearre.[1]

Jewell waard bekend troch't er yn 1996 op 'e Olympyske Simmerspullen yn it Centennial Olympic Park yn Atlanta in fertochte rêchsek ûntdiek dy't letter eksplodearre. Syn hanneljen droech deroan by dat it tal ferwûne minsken en deadlike slachtoffers beheind bleau. Letter waard er lykwols sels falsk beskuldige fan ferantwurdlikheid foar dy bomoanslach.

Falske beskuldiging bewurkje seksje

Doe't yn 1996 de Olympyske Simmerspullen yn de Amerikaanske steat Georgia holden waarden, fûn Richard Jewell in fertochte rêchsek op de grûn yn it Centennial Olympic Park yn Atlanta dêr't in konsert holden waard. Hy alarmearre de plysje en it die bliken dat der trije piipbommen yn de rêchsek sieten. Troch't de bom noch foar de ûntploffing ûntdutsen waard en in soad besikers fan it park mei help fan Jewell evakuëarre wurde koene bleau it tal deadlike slachtoffers beheind. De eksploazje fan de bom deade ien persoan fuortendaliks, in oare persoan ferstoar letter oan in hertoanfal en 111 minsken rekken ferwûne.

Ynearsten waard Jewell yn de media priizge as in held, mar al gau waard er op basis fan psychologyske profilearing troch de FBI en de lokale wetshanthavers as earste fertochte behannele. Alhoewol't der nea in oanklacht folge, ûndergyng Jewell moannenlang in 'trial by media'. De negative publisiteit easke in grutte tol fan syn persoanlike en professionele libben.

Nei 88 dagen fan iepenbier ûndersyk waard Jewell as fertochte frijsprutsen. It mediasirkus yn de tiid fan it ûndersyk wurdt as foarbyld oanhelle foar de eksessen fan de wetshanthavening en de nijsmedia.

Yn 2005 bekende de yn 2003 arrestearre Eric Rudolph skuld oan de oanslach yn it Centennial Olympic Parc. Hy wie ek ferantwurdlik foar oare oanslaggen yn de Feriene Steaten.

Neitiid bewurkje seksje

Jewell wurke letter û.o. as plysjeman yn Pendergrass, Georgia. Oant syn dea wurke er as plakferfangend sheriff yn Meriwether County, Georgia. Hy troude yn 1998 mei Dana Jewell en ferhûze doe nei in pleats dy't hja tegearre súdlik fan Atlanta kochten. Nei syn frijspraak as fertochte, klage Jewell de FBI, The Atlanta Journal Constitution, CNN, de New York Post foar smaad oan. Syn eardere wurkjouwer Piedmont College, werfan't de direkteur en de parsefoarljochter falske ynformaasje oan de FBI trochspile hiene, makke in skikking mei Jewell. Bekend is ek dat de NBC USD 500.000 útbetelle.

Ferstjerren bewurkje seksje

Yn febrewaris 2007 waard by Jewell diabetes fêststeld. It skoft dêrnei krige Jewell as gefolch fan sûkersykte lêst fan nierfalen en oare swierrichheden. Syn frou Dana fûn him op 29 augustus 2007 dea oer de flier, doe't hja fan 't wurk werom kaam. Autopsy wiisde út dat hertklachten, de sûkersykte en dêrby hearrende komplikaasjes oarsaak fan syn dea wiene. Jewell is 44 jier woarn.

Films bewurkje seksje

De heldhaftige erfenis fan Richard Jewell foarme it ûnderwerp yn de film Richard Jewell fan regisseur Clint Eastwood [2] en it twadde seizoen fan Manhunt 'Deadly Games' (2020) [3].

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Richard Jewell.