CNN International
CNN International (CNNI), yn 'e regel koartwei CNN neamd, is in Amerikaanske kabel- en sattelyttillefyzjestjoerder dy't wrâldwiid Ingelsktalige nijsprogramma's en eftergrûnrubriken útstjoerd. De ôfkoarting stiet foar Cable News Network ("Kabeltillezyzje-nijsnetwurk"). It is yn 1985 ûntstien as in útsprantel fan 'e âldere stjoerder CNN USA, dêr't it noch altyd nau mei gearwurket. CNN is beskikber yn mear as 200 miljoen húshâldings en hotelkeamers, yn mear as 200 lannen. It is de bekendste en meast ynfloedrike nijsstjoerder fan 'e wrâld. CNN is eigendom fan 'e Turner Broadcasting System-difyzje fan 'e mediagigant Time Warner.
CNN International | |
---|---|
medium | tillefyzje |
nasjonaliteit | Amerikaansk |
taal | Ingelsk |
oprjochte | 1985 |
haadkertier | Atlanta (Georgia) |
ûntfangstgeb. | wrâldwiid |
eigner | Time Warner |
webside | www.cnni.com |
Skiednis
bewurkje seksjeCNN International waard yn 1985 oprjochte as de ynternasjonale ferzje fan 'e tige súksesfolle Amerikaanske stjoerder CNN USA, dy't yn 1980 úteinset wie en him rjochte op it Amerikaanske binnenlânske publyk. De driuwende krêft efter de oprjochting fan CNN International wie tillefyzjeprodusint Ted Turner, dy't grut fertrouwen hie yn 'e globalisearring fan tillefyzje yn it algemien en fan nijsferslachjouwing yn it bysûnder. De earste útstjoering fan CNN International wie op 1 septimber 1985. De grutte trochbraak foar de stjoerder kaam yn jannewaris 1991, doe't CNN-korrespondint John Holliman as frijwol de iennichste Westerske sjoernalist yn Bagdad ferslach die fan Operaasje Desert Storm, de Earste Irakoarloch.
Yn 't earstoan bestie de grutte mearderheid fan 'e programmearing út simultaanútstjoerings mei CNN USA, mar fan 1990 ôf naam de hoemannichte programma's dy't spesifyk foar CNN International produsearre waard sterk ta. Yn 1994 waard der foar de stjoerder in nij studiokompleks oanlein. Sûnt 1995 is it wurd International yn it logo fan 'e stjoerder ferfongen troch in globe, dy't neitiid ferskate kearen in oar oansjen krigen hat. Sûnt 2013 is de slogan fan CNN International This is CNN ("Dit is CNN", mei de klam op this en in bytsje romte tusken this en is); dat is ek de slogan fan CNN USA. Fan 2009 oant 2013 wie de slogan fan CNN International Go beyond borders ("Gean oer de grinzen hinne"), wat it ynternasjonale karakter fan 'e stjoerder oanjaan moast. Sûnt 2004 stjoert CNN International ek de klok rûn yn 'e Feriene Steaten út, njonken (en los fan) CNN USA.
De grutste konkurrint fan CNN wie oarspronklik de Britske BBC World Service, mei't dat de iennichste Ingelsktalige nijsstjoerder wie fan ferlykber formaat. Yn 2006 rjochte de Katareeske Arabysktalige nijsstjoerder Al Jazeera lykwols in Ingelsktalige ynternasjonale dochterstjoerder op, Al Jazeera English, dy't CNN fral yn it Midden-Easten, Súd-Aazje en East-Afrika flink wat sjoggers ûntfytmanne. Yn in besykjen om better mei Al Jazeera English te konkurrearjen, iepene CNN yn jannewaris 2009 in nij studiokompleks en produksjesintrum yn Abu Dhabi, yn 'e Feriene Arabyske Emiraten. Wichtige barrens wurde yn 'e regel noch altyd yn simultaanútstjoering mei CNN USA brocht.
Fêstigings
bewurkje seksjeCNN hat fjouwer ynternasjonale haadkertieren, dêr't studio-útstjoerings opnommen en programma's produsearre wurde. Fan it begjin ôf oan wiene dat Atlanta, yn 'e Amerikaanske steat Georgia, dêr't yn it saneamde CNN Center it wrâldhaadkertier fan 'e stjoerder fêstige is, en fierders London, mei it Jeropeeske haadkertier, en Hongkong, mei it haadkertier foar de Aziatysk-Pasifyske regio. Yn 2009 is dêr Abu Dhabi, yn 'e Feriene Arabyske Emiraten, bykommen, as it haadkertier yn it Midden-Easten. Dêrnjonken binne der noch 56 oare CNN-buro's ferspraat oer de hiele wrâld, wêrfan 19 yn 'e Feriene Steaten.
Regionale ferzjes
bewurkje seksjeDer binne seis farianten fan 'e útstjoerings fan CNN:
- CNN International Asia-Pacific (útstjoerd út Hongkong wei)
- CNN International Europe/Middle East/Africa (útstjoerd út Londen wei)
- CNN International Latin America (útstjoerd út Atlanta wei)
- CNN International Middle East (útstjoerd út Abu Dhabi wei)
- CNN International North America (útstjoerd út Atlanta wei)
- CNN International South Asia (útstjoerd út Nij-Delly wei)
De programmearring fan dizze regionale ferzjes ûntrint inoar net sa bot, mar de útstjoering is oanpast oan 'e pleatslike tiid, en de waarberjochten binne mear regionaal taspitst.
Programmearring
bewurkje seksjeCNN stjoert nijsbulletêns út as CNN Newsroom en International Desk, mar beljochtet ek de eftergrûnen fan it nijs yn in hiele rige programma's mei ekonomysk nijs (û.m. World Business Today, Quest Means Business); sportnijs (û.m. World Sport, Living Golf, MainSail); fraachpetearen (û.m. Amanpour, Fareed Zakaria GPS); medysk nijs (Sanjay Gupta, M.D.); reizgjen (û.m. CNNGo, Business Traveller); regionaal wrâldnijs (û.m. Inside Africa, Inside the Middle East); dokumintêres (World's Untold Stories); en itensiederij (Anthony Bourdain: Parts Unknown).
Krityk op CNN
bewurkje seksjeDer is troch de jierren hinen in oanhâldende stream krityk op CNN utere om't it nijs der op sa'n Amearikasintryske wize brocht wurdt. De eardere sjef fan 'e CNN-buro's yn Tokio en Peking, Rebecca MacKinnon, hat bygelyks beskreaun hoe't de prioriteiten op it mêd fan it garjen fan nijs altyd ferwrongen waarden om "ferhalen en rapportaazjes te produsearjen dy't ynteressant wêze soene foar CNN USA." Teffens hawwe der beskuldigings west, û.m. fan 'e eardere CNN-ferslachjouster Amber Lyon, dat CNN him yn it ferline omkeapje litten hat troch de regearings fan steaten as Georgje en Kazachstan om geunstige berjochten oer dy lannen út te stjoeren. Ek soe it korrespondinten troch de CNN-lieding ûnmooglik makke wêze om ferslach te dwaan fan it uterst gewelddiedige optreden fan 'e autoriteiten yn Bachrein, in wichtige bûnsgenoat fan 'e Feriene Steaten, tsjin 'e demonstranten ûnder de Arabyske Maityd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|