Richard Gatling

(Trochferwiisd fan Richard Jordan Gatling)

Richard Jordan Gatling (Hertford County, 12 septimber 1818 - New York, 26 febrewaris 1903) wie in Amerikaansk útfiner dy't yn it foarste plak ferneammd waard fan de ûntwikkeling fan it Gatling-gewear, It earste fluchfjurjend gewear, mei seis draaiende lopen, dat it karakter fan de oarlogsfiering folslein feroare.

Richard Gatling
Gatling syn hantekening

Gatling kaam út Noard-Karolina en syn heit wie ek in útfiner. Mei 21 jier ûntwurp er al in skroefpropeller foar stoomboaten. Letter folgen mear útfinings, ûnder oaren in stoomtrekker.

Gatling studearre yn 1850 ôf oan it Ohio Medical College, mar hie mear niget oan útfinerij as in dokterspraktyk.

Gatling sette út ein mei it ûntwerpen fan syn masinegewear nei't er fêststeld hie dat der yn de Amerikaanske Boargeroarloch mear soldaten stoaren oan sykte as troch kûgels.

Yn 1862 stichte er de Gatling Gun Company yn Indianapolis. Yn 1897 soe it bedriuw fusearje mei wapenfabryk Colt.

Hy stoar as ryk man yn New York yn 1903 yn de âldens fan 84 jier.

Ta eare foar syn fertsjinsten ferneamde it Amerikaansk regear yn 1943 de destroyer USS Gatling ei Richard Jordan Gatling.

Julia Keller (2008): Mr Gatling's Terrible Marvel: The Gun That Changed Everything and the Misunderstood Genius Who Invented It. Viking. ISBN 978-0-670-01894-9