Gatling gun

(Trochferwiisd fan Gatling-gewear)

De Gatling gun (in algemien ynboargere rekke Ingelske namme dy't "Gatling-gewear" betsjut) is in ferneamd model fluchfjoerwapen dat yn 1861 útfûn waard troch de Amerikaanske wapensmid Richard Jordan Gatling. It makke gebrûk fan seis oant tsien rotearjende lopen en wie in iere foarrinner fan it moderne masinegewear. De Gatling gun wie fan 1862 oant 1911 yn gebrûk by de kriichsmachten fan 'e Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk, Frankryk, Ruslân en oare lannen, en waard ynset yn û.m. de Amerikaanske Boargeroarloch, de Amerikaanske Yndiaanske oarloggen, de Sûlu-Oarloch en de Spaansk-Amerikaanske Oarloch. It is ien fan 'e fjoerwapens dy't sterk assosjearre wurdt mei it Wylde Westen, yn 'e mande mei û.o. de Colt .45 en de Winchester Model 1873.

Gatling gun
algemiene ynformaasje
offisjele namme Gatling gun
nasjonaliteit Amerikaansk
type wapen masinegewear
tsjinstskiednis
brûkt troch Feriene Steaten
Feriene Keninkryk
Frankryk
Keizerryk Japan
Keizerryk Koreä
Perû
Keizerryk Ruslân
Keninkryk Siam
Sily
Keizerryk Sina
tsjinstwapen 1862–1911
konflikt(en) Amerikaanske Boargeroarloch
Asjanty-Oarloggen
Sûlû-Oarloch
Am. Yndiaanske oarloggen
Machdistyske Oarloch
Salpeteroarloch
Britsk-Egyptyske Oarloch
2e Britsk-Afgaanske Oarloch
Spaansk-Am. Oarloch
Filipynsk-Am. Oarloch
Bokseropstân
ûntwerpskiednis
ûntwerper Richard Jordan Gatling
ûntwurpen 1861
fabrikant Eagle Iron Works
Cooper Firearms Manufacturing Co.
Colt's Manufacturing Company
American Ordnance Company
yn produksje 1862–1903
oantal prod. ûnbekend
spesifikaasjes
gewicht 77,2 kg
lingte 107,9 sm
wêrfan loop: 67,3 sm

De Gatling gun wie in fjoerwapen mei seis (letter by guon modellen útwreide oant tsien) lopen, dy't rûngiene om in sintrale skacht hinne. Oan 'e efterkant fan 'e lopen siet in hendel dy't troch de brûker rûndraaid waard, sadat it meganisme fan it wapen yn wurking steld waard. It wie net nedich om fierders noch wat te dwaan om it wapen sjitte te litten; inkeld it rûndraaien fan 'e hendel wie genôch. Dêrtroch begûnen de lopen mei de klok mei te rotearjen, wêrby't se om bar in patroan laden út in oan 'e boppekant fan 'e Gatling gun befêstige magazyn. De kûgel út dat patroan waard ôffjurre wannear't de loop in yn 't foar ynstelde posysje berikte, ornaris op 'e klokposysje fan 4 oere (oftewol rjochts ûnderoan), wêrnei't de lege patroanhúl automatysk útsmiten waard en de loop eefkes ôfkuolje koe foar't der, ornaris op 12 oere (oftewol boppe-oan) in nij patroan laden waard.

 
In Gatling gun fan it Britske Leger út 1865, útstald yn Firepower – The Royal Artillery Museum.

Om't der fan immen ferlet wie om 'e hendel rûn te draaien, kin de Gatling gun net beskôge wurde as in echt automatysk fjoerwapen. De lopen fan 'e Gatling gun meaten 67,3 sm, en it hiele wapen hie in lingte fan 107,9 sm. Omreden fan it gewicht fan 77,2 kg wie it wapen foarsjoen fan in ûnderstel mei twa tsjillen, sadat it maklik te ferriden wie en net optild hoegde te wurden. De Gatling gun koe 200 .58-patroanen yn 'e minút fersjitte, of 400 oant 900 (lichtere) .30-patroanen (hoewol't in maksimum fan 600 oanret waard om it wapen net te folle ferhjitsje te litten. Der wie in bemanning fan fjouwer koppen nedich om it wapen safolle mooglik sûnder ûnderbrekking trochsjitte te litten.

De Gatling gun waard yn 1861 ûntwurpen troch de Amerikaanske wapensmid en útfiner Richard Jordan Gatling, dy't der op 4 novimber 1862 in oktroai foar tawiisd krige. Neffens Gatling sels hied er it wapen útfûn om it tal soldaten werom te bringen dat nedich wie om yn in leger te tsjinjen, en dêrmei ek it tal minsken dat yn oarloggen sneuvele of oan sykte beswiek. Fan dy fan naïviteit tsjûgjende ferwachting kaam fansels neat út. Om't ein 1862 de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) yn folle gong wie, waard de Gatling gun fuortendaliks yn produksje nommen. It waard lykwols net in bysûnder soad ynset, om't it dreech wie om it swiere wapen oer it slachfjild mei te slepen. Tolve eksimplaren waarden troch ofsieren fan it Noardlike Leger fan 'e Uny op persoanlike basis oankocht en û.m. brûkt by it Belis fan Petersburg yn Firginia, dat duorre fan juny 1864 oant april 1865. Acht oare Gatling guns waarden troch de Amerikaanske Marine kocht en op kannonearboaten ynstallearre.

It Amerikaanske Leger akseptearre it wapen lykwols pas formeel yn 1866, doe't de boargeroarloch al ôfrûn wie. De wapens wiene beskikber foar de ûnderwerping fan 'e Yndianen yn it Wylde Westen yn 'e Amerikaanske Yndiaanske oarloggen, en waarden dêr ek sporadysk ynset. Mar in protte Amerikaanske legerofsieren, benammen fan 'e kavalery, hiene der in hekel oan om 'e bombidige dingen mei te slepen en hiene der sadwaande in hantsje fan om se efter te litten yn it fort of by de bagaazjetrein. In ferneamd foarbyld dêrfan wie luitenant-kolonel George Armstrong Custer, dy't syn Gatling guns yn juny 1876, ûnder de Grutte Sû-Oarloch, efterliet en se dêrtroch net ynsette koe doe't er yn 'e Slach oan 'e Little Bighorn ynsletten rekke en in ferpletterjende nederlaach litte tsjin 'e Lakota en de Noardlike Sjajinnen.

 
Twa Gatling guns fan it Britske Leger yn 'e Twadde Britsk-Afgaanske Oarloch.

Kaptein-op-see Luis Germán Astete fan 'e Perûviaanske Marine naam yn desimber 1879 ferskate tsientallen Gatling guns mei út 'e Feriene Steaten, dy't yn 'e Salpeteroarloch (1879-1883) tsjin Sily ynset waarden, benammen yn 'e Slach by Tacna en de Slach by San Juan en Chorillos. Luitenant Arthur L. Howard út Konettikut naam syn persoanlik Gatling gun yn 1885 mei nei Saskatchewan, dêr't it wapen troch it Kanadeeske Leger ynset waard tsjin 'e Mety-rebellen yn 'e Noardwestlike Opstân. De milysje fan Pennsylvania sette yn 1877 Gatling guns yn tsjin demonstrearjende stakers ûnder de Grutte Spoarweistaking, fral yn Pittsburgh.

Gatling guns waarden ek oanskaft troch de Jeropeeske grutmachten Frankryk, it Feriene Keninkryk en Ruslân en de Aziatyske lannen Sina, Japan, Koreä en Siam. De wapens fan it Britske Leger kamen it meast yn aksje, tsjin 'e Asjanty yn 'e Asjanty-Oarloggen (1873-1874) yn 'e Britske Goudkust (no Gana); tsjin 'e machdisten yn 'e Machdistyske Oarloch (1881-1899) yn 'e Anglo-Egyptyske Sûdaan (no Sûdaan); tsjin 'e Sûlû's yn 'e Sûlû-Oarloch (1879) yn wat no Súd-Afrika is; tsjin 'e Egyptners yn 'e Britsk-Egyptyske Oarloch (1882); en tsjin 'e Afganen yn 'e Twadde Britsk-Afgaanske Oarloch (1878-1880). De Russen, dy't mar leafst 400 Gatling guns oanskaft hiene, setten de wapens mei ferneatigjende gefolgen yn by harren 'pasifisearring' fan Sintraal-Aazje, tsjin nomadefolken lykas de Turkmenen.

 
De M-61A1 20mm Vulcan Canon, in moderne gatling gun

Yn 'e Spaansk-Amerikaanske Oarloch (1898) waarden Gatling guns troch it Amerikaanske Leger yn Kuba tsjin 'e Spanjerts ynset, û.m. yn 'e Slach by San Juan Hill, dêr't de lettere Amerikaanske presidint Theodore Roosevelt syn reputaasje fêstige. Ek yn 'e út dat konflikt fuortkommende Filipynsk-Amerikaanske Oarloch (1899-1902) brûkte it Amerikaanske Leger noch Gatling guns, hoewol't it Amerikaanske Marinierskorps tsjin dy tiid al tarist wie mei it modernere, fan in trijepoat ynstee fan tsjillen foarsjoene M1895 Colt-Browningmasinegewear. Yn deselde snuorje waarden Gatling guns ek ynset yn 'e Bokseropstân (1900) yn it Keizerryk Sina. Tsjin 1911 wiene de wapens oeral út 'e tsjinst helle om't se slim efter de tiid rekke wiene.

Nei de Twadde Wrâldoarloch waarden sawol masinegewearen as masinekanonnen ûntwikkele op basis fan it prinsipe fan draaiende lopen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.