Riekele Borger
Riekele of Rykle Borger (Wiuwert, 24 maaie 1929 [1] - Göttingen, 27 desimber 2010) wie in Dútsk assyriolooch fan Frysk komôf. Hy wie fan 1962 oant 1997 heechlearaar assyriology oan de Universiteit Göttingen.
Riekele Borger | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Riekele Borger | |
oare namme | Rykle Borger | |
nasjonaliteit | Dútsk | |
berne | 24 maaie 1929 | |
berteplak | Wiuwert | |
stoarn | 27 desimber 2010 | |
stjerplak | Göttingen | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | assyriolooch | |
jierren aktyf | 1962 - 1997 Heechlearaar assyriology |
Borger waard it meast bekend fan syn list fan spikerskrifttekens,[2]. teffens publisearre er in wichtige "Handbuch der Keilschriftliteratur", in detailleard oersjoch fan boeken en artikels dy't de assyriology oanbelangje sa't dy doetiids ta foldwaan wiene. Oant syn dea ta wie Borger dwaande mei it wurkjen oan in ferzje fan it hânboek dy't by de tiid wie.
Borger ûntwurp in sels-stúdzje metoade foar it Akkadysk, "Babylonisch-Assyrische Lesestücke" (1963), dy't noch altyd brûkt en werprinte wurdt.[3]
Bibliografy karút
bewurkje seksje- 1963: Babylonisch-Assyrische Lesestücke Rome: pontificio instituto biblico Roma (2006 ISB 88-7653-254)
- 1975: Handbuch der Keilschriftliteratur (3 dielen)
- 1988: Assyrisch-babylonische Zeichenliste (sûnt 1995 ner mear printe, fannijs bewurke as Mesopotamisches Zeichenlexikon)
- 2004: Mesopotamisches Zeichenlexikon Münster: Ugarit-Verlag (2004 ISBN 3-927120-82-0)
Bibliografy fan Borger publisearre yn: S. Maul, Eine Festschrift für Rykle Borger zu seinem 65. Geburtstag am 24. Mai 1994. Tikip Santakki Mala Bašmu (Cuneiform Monographs, Vol. 10). Leiden: Brill, 1998. ISBN 978-90-56-93010-3 (pp. 359-368).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |