Riemie Huismans-Bosklopper
Riemie Huismans-Bosklopper (Peazens[1], 1915 - Snits, 15 jannewaris 2005) wie de earste froulike waadrinner.
Tegearre mei har man Dirk Huismans (1915-1987) makke se yn de jierren fyftich de oertocht. Mei drûge klean berikten sy It Oerd op It Amelân. Foar dizze tocht hie it span al ferskillende ferkenningstochten makke. Letter naam se ek groepen mei it Waad op.
Huismans-Bosklopper kaam fan Ljouwert. Nei in lange tiid op Flylân wenne te hawwen, kaam se begjin jierren njoggentich werom nei de fêste wal. Sûnt wenne se yn Snits, noch altyd selsstannich. De lêste twa moanne gie har sûnens hurd efterút. Huismans-Bosklopper ferstoar op 89-jierrige leeftyd yn har wenplak Snits.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |