Rients Yntema

(Trochferwiisd fan Rients D. IJntema)

Rients Yntema of Rients D. Yntema (syn efternamme wurdt soms ek stavere as IJntema; Penjum, 19 oktober 1831 – dêre, 1 febrewaris 1884) wie in Frysk keatser dy't yn 'e njoggentjinde iuw fiif kear de PC wûn.

Rients Yntema
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Rients D. Yntema
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 19 oktober 1831
berteplak Penjum (Fryslân)
stjerdatum 1 febrewaris 1884
stjerplak Penjum (Fryslân)
etnisiteit Frysk
sportive ynformaasje
sport keatsen
debút <1854
karriêre-ein 1865
wichtige prestaasjes
PC: 5× earste priis

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Yntema waard yn 1831 berne yn Penjum, yn 'e doetiidske gritenij Wûnseradiel. Hy moat al foar 1854 úteinset wêze mei in karriêre yn it keatsen, mar út dy tiid is gjin ynformaasje oerlevere. Yn elts gefal wûn er yn 1854 de PC yn Frjentsjer mei in partoer dat fierders bestie út Pieter Baukes Rijpma fan Penjum en Willem Klazes Boorsma fan Tsjummearum.

Yn 1858 wûn Yntema de PC fannijs, doe mei Pieter Baukes Rijpma en Pieter Ulbes Rijpma, dy't allebeide ek út Penjum ôfkomstich wiene. Deselde trije mannen triomfearren noch twaris, op 'e PC fan 1860 en op 'e PC fan 1861. De fyfde en lêste kear dat Yntema de PC wûn, wie yn 1862, doe't er dat die mei Pieter Baukes Rijpma en Hielke Folkerts Post fan Kimswert.

Yn totaal garre Yntema 34 punten op foar it Ivich Keatsklassemint foar't er yn 1865 ophold mei keatsen. Hy kaam yn 1884 yn 'e âlderdom fan 52 jier yn syn berteplak Penjum te ferstjerren.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: