Rigtje Boelstra (Stiens, 7 septimber 1893Jelsum, 26 april 1969) wie in Frysk boerinne en tekeneresse.

Libben en karriêre bewurkje seksje

Komôf bewurkje seksje

Boelstra waard yn 1893 berne yn Stiens. Hja wie de dochter fan Johannes Boelstra en Grietje Olivier en hie in suster dy't Neeltje Boelstra hiet.

Bernetiid en oplieding bewurkje seksje

Se gong nei de Middelbere Famkesskoalle yn Ljouwert, letter nei yn kostskoalle yn Lausanne (Switserlân) en úteinlik nei in finishing school yn Ingelân.

Houlik en gesin bewurkje seksje

Yn 1916 troude Boelstra mei kowefokker Jan Wassenaar, mar harren houlik bleau sûnder bern.

Karriêre bewurkje seksje

Yn 1936 makke Boelstra 11 tekeningen foar it FRS foar de brosjuere Friesch Vee: Topografie en Geraamte. Letter wurke hja as fotografe by it FRS. Se makke ek noch foarljochtingsfilms foar dy organisaasje. Dêrnjonken besiet se twa melkfeehâlderijbedriuwen, en hoewol't dêr bedriuwslieders op buorken, wie Boelstra dêr op deistige basis by belutsen.

Lettere jierren en ferstjerren bewurkje seksje

Boelstra ferstoar yn 1969 yn Jelsum.

Wikiwomen-projekt bewurkje seksje

Boelstra waard foar it projekt Wikiwomen (om mear biografyen oer froulju op 'e Wikipedy te krijen) brûkt as foarbyldbiografy. De biografy waard troch learlinge Frysk kopiearre om oanpasse te kinnen nei eigen 'WikiWoman'.

Keppelings om utens bewurkje seksje