Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!

Rinfuorgekoarts, ek wol febris quintana as Wolhyniakoarts is in rickettsioaze, in middelswiere ynfeksjesykte dy't oerbrocht wurdt troch luzen. Mear as in miljoen soldaten yn de Earste (yn de rinfuorgen) en Twadde Wrâldoarloch krigen de sykte. De sykte komt noch altyd foar ûnder dakleazen. Der binne bygelyks gefallen bekend fan in epidemy ûnder drugspuiters yn Seattle en Baltimore, en yn Marseille en Boerûndy. Teffens kin B. quintana in rol spylje by HIV-ynfektearden.

Bartonella quintana

De sykte wurdt feroarsake troch de baktearje Bartonella quintana (âlde nammen: Rochalimea quintana, Rickettsia quintana), dy't û.o. foarkomt yn de mage fan de minsklike lús (Pediculus humanus corporis).

De ynkubaasjetiid is 10-30 dagen. Dêrnei kriget de pasjint ynienen slimme pineholle, aseptyske meningitis, pine by it bewegen fan de eagen, op en del geande koarts dy't sa'n fiif dagen oanhâld, spierpine yn earms, skonken en rêch en pynlike bonken. Nei in moanne is de pasjint better. Deadlik ferrin fan de sykte is seldsum.

Meast wurde antbiotika út de Tetracycline-groep (doxycycline, tetracycline) brûkt, sân oant tsien dagen lang. Antibiotika út de Makrolide-groep kin ek (lykas Erythromycine). Chloramphenicol soe in alternatyf wêze kinne, mar fanwege de kâns op anaplastyske anemy, dy't net oerbetteret, âlderwetsk.