Rintsjepoel
De Rintsjepoel is in mar yn de gemeente Wymbritseradiel. De mar hat troch de Tsjerkesleat en de Djippe Sleat yn ferbining mei de westkant fan Heech. Nei it noarden stiet de poel troch de Palsepoel yn ferbining mei de Skûtelpoel.
De namme Rintsjepoel jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Rintjepoel.