Roarda- en Mingiastate
Roarda- en Mingiastate wienen states benoard westen fan Grou, gemeente Boarnsterhim, oan it Hôflân. Fan de states is neat werom te finen, op it terrein stiet no in pleats.It guod wurdt foar it earst neamd yn 1436. Als famyljenamme komt Rowarda yn 1436 foar it earst foar yn relaasje ta dit guod. As toponym komt Meynnye gued ... daer Popko Roerdtsz (Roorda) op woent yn 1543 foar; yn 1640 wurdt de state as de trije-ienheid Grut Roarda, Clein Roarda, Minia omskreaun.
De namme Roarda is âld yn Idaarderadiel. Elingus Roarda de Popingha wie yn 1369 grytman fan Idaarderadeel; yn Wargea lei Oldt Roorda state. De âldst attestearde famylje Roarda yn dizze gritenij is lykwols dy fan Grou. Neffens in 17de-iuwske tradysje soenen se ôfstamme fan de Roarda's fan Tzummearum, mar dat is net sa. Dit is lykwols ferkeard.[1]
Yn 1436 wie Thiarck Rowerda grytman fan Idaarderadiel; hy jout mei oaren ferdban op de ferkeap fan in stins yn Swichum en brûkt dêrby in eigen segel (sjoch stins yn Swichum). In soan fan Thiarck wie grif Popka Rorda wth Ydaerderadeel; dy segele yn 1477 de oarkunde oer de fjouwer Leppasilen (sjoch by Uthsma yn Grou en Haringa yn Aegum). Ek yn 1468 en 1479 trede hy, earst as grytman en letter as meirjochter, op yn Leppa-saken. Popcke liet trije bern nei: Tjerck, Lieuwe en Ruurt. Tjerck wie yn 1502 grytman fan Idaarderadiel en yn 1506 dykgraaf fan de Leppa. Syn broer Lieuwe wie yn 1485 'hooftman op de Spycker', it stienhûs by it kleaster fan Himmelum, dat as Skierings steunpunt tsjin de Fetkeaperse Galama's yn Koudum en Bakhuzen fungearde. Lieuwe Roarda hie letter in opmerklike karriêre as sjonger by de Romeinske kuery.
Bewenners
bewurkje seksje- ? Thiarck Rowerda, 1436 grytman fan Idaarderadiel. Soan grif:
- ? Popka Rorda wth Ydaerderadeel, 1477, 1479.
- Tjerck Popckez Roarda, 1502 grytman. Neef:
- Popcke (Ruurts) fan Roarda, 1511, 1543, 1522 grytman. Soannen: Carel fan Roarda, † 1601; en Popcke fan Roarda, 1580. Soan fan de lêste wie:
- Abraham fan Roarda, grytman 1626-1635, eigener (1640, 1649) en bewenner (1640) Grut Roarda, † 1649. Neef:
- Carel (Andrys) fan Roarda, grytman 1635, yn 1648 op Grut Roarda, yn 1652 op Friesmastate yn Idaard
- Abraham fan Roarda yn 1640 mei-eigener en brûker
- Nolckjen fan Heloma nomine liberorum en Adrianus Bothenius
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|