Roardastate (De Lytse Jouwer)
Roardastate lei beëasten de De Lytse Jouwer yn de gemeente Dongeradiel. Op it stee stiet yn 2010 in moderne pleats.
Oer it ûntstean fan de state is neat bekend. Yn De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners fan Paul Noomen wurdt Roarda net fernijd. Herma M. van den Berg skriuwt allinnich: Ten oosten van de kerkterp van Hiaure geeft dezelfde bron (= Halbertsma) nog een kleine terp, waarop de state Roorda was gelegen.
It stimkohier fan 1698 neamt by stim 7 de namme Roorda en yn it floreenkohier fan 1700 komt dy namme foar by nûmer 3. Yn 1640 wie stim 7 eigendom fan “de heer Ruis, Utrecht” wylst Sjoerd Scheltes as brûker neamd waad. Der wurdt dan gjin namme fan it goed fermeld. Yn 1698/1700 wie it eigendom fan Ulbe baron fan Aylva, de grytman fan Eastdongeradiel. It goed wie doe krekt gjin 20 hektare grut en waard brûkt troch Sjoerd Scheltes, grif in pakesizzer fan de Sjoerd fan 58 jier dêrfoar. Yn 1728 wie it gjin aadlik besit mear en is it eigendom fan “Jan Doecles erven” en brûker is Wybe Watses. Rom 100 jier letter wie Willem Doekeles Ploegsma, mooglik in oerpakesizzer fan Jan Doecles, eigener en brûker.
Eigeners/bewenners
bewurkje seksje- 1640 de hear Ruis
- 1698 Ulbe baron fan Aylva
- 1728 Jan Doecles erven
- 1832 Willem Doekeles Ploegsma
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|