Robert Pershing Wadlow (Alton, 22 febrewaris 1918Manistee, 15 july 1940) wie neffens it Guinness Book of Records mei syn 2,72 meter de langste minsk dy't ea libbe hat.

Robert Wadlow en syn heit
In skoech fan Robert Wadlow fergelike mei in normaal formaat skoech

Robert Wadlow waard berne yn Alton, Illinois. Syn âlden wienen Harold Franklin en Addie Johnson-Wadlow.

Op syn fjirde wie hy al 1,63 meter, op syn achtste wie hy 1,88 meter, op syn tsiende 1,98 meter en op syn fjirtjinde jier wie hy al 2,24 meter. Doe't hy sechtjin jier wie woech hy 166 kg en wie hy 2,40 meter lang, mei 17 jier 180 kg en 2,48 meter, mei 18 jier 2,54 meter en 177 kg, mei 19 jier 2,60 meter en 197 kg. Om dizze tiid hie hy troch syn bûtengewoane grutte al bienbûgels nedich om rinne te kinnen. Op 27 juny 1940, 18 dagen foar syn dea, waard troch de artsen syn grutste lingte mjitten: 2,72 meter. Op 4 july waard hy yn it sikehûs opnomd wegens in ynfeksje oan syn ankel. Hy stoar op 15 july 1940 yn syn sliep. Der wurdt tocht dat syn abnormale groei feroarsake waard troch hypertrofy fan de hypofyze.

By syn begraffenis op 19 july 1940 wienen sa'n 40.000 minsken oanwêzich.

Sûnt 1975 stiet der in libbensgrut stânbyld fan him by de 'Southern Illinois University Edwardsville School of Dental Medicine'.

Keppeling om utens

bewurkje seksje