Rodolphe Töpffer
Rodolphe Töpffer (Sjenêve, 31 jannewaris 1799 - dêre, 8 juny 1846) wie in Switsersk learaar, skriuwer, keunstskilder, cartoonist en karikatuer-keunstner. Hy wurdt wol beskôge as de earste nijmoadrige striptekener.
Biografy
bewurkje seksjeHy waard berne yn Genêve as soan fan beropsskilder Adam-Wolfgang Töpffer (20 maaie, 1766 - 10 augustus, 1847).
Töpffer krige syn oplieding yn Parys, Frankryk fan 1819 oant 1820. Dêrnei gie er werom nei Genève dêr't er oan 't wurk gie as learaar. Yn 1823 wie er by steat en haw in eigen kostskoalle foar jonges. Yn 1832 waard er beneamd ta professor yn de literatuer oan de Universiteit fan Sjenêve
Al wie er frijwat súksesfol yn syn berop, dochs soe er ferneamd wurde troch syn leafhawwerijen. Hy waard skriuwer fan koartferhalen en út en troch fermakke er syn studinten mei it tekenjen fan karikatueren.
Publikaasjes
bewurkje seksje- Histoire de M. Jabot - 1831, publisearre yn 1833.
- Monsieur Crépin - it earst publisearre yn 1837.
- Histoire de M. Vieux Bois - 1827, publisearre yn 1837.
- Monsieur Pencil - 1831, foar 't earst publisearre yn 1840.
- Histoire d'Albert - foar 't earst publisearre yn 1845.
- Histoire de Monsieur Cryptogame - foar 't earst publisearre yn 1845.
- Le Docteur Festus- 1831, foar 't earst publisearre yn 1846.
Dy sân wurde beskôge as satiryske fizjes op de 19e iuwske mienskip en se wiene populêr yn dy tiid. Töpffer publisearre Essais d'autographie yn 1842. Op 14 septimber 1842 waard de "Histoire de M. Vieux Bois" yn de Feriene Steaten yn stripboekfoarm útbrocht ûnder de titel "The adventures of Mr. Obadiah Oldbuck" ('De avontueren fan Mr. Obadiah Oldbuck'). It wurk wurdt beskôge as de earste Amerikaanske strip en, neffens ferskate artikels fan Robert Beerbohm yn Comic Art Magazine en yn Overstreet Comic Book Price Guide, as ynspiraasjeboarne foar in folslein Amerikaansk 19e-iuwsk sjenre fan byldromans.
Töpffer wurdt beskôge as de heit, of yn alle gefallen as in paadsljochter fan de moderne stripboekkeunst, en ek as in foarbyld foar stripboekauteurs as Wilhelm Busch (15 april 1832 - 9 jannewaris 1908), de geastlike heit fan Max en Moritz.
Literatuer
bewurkje seksje- Eugène Rambert: Écrivains nationaux suisses, Bd 1. Genêve 1874.
- Pierre M. Relave: La vie et les oeuvres de Töpffer. Apres des documents inédits. Hachette, Parys 1886.
- Auguste Blondel und Paul Mirabaud: Rodolphe Töpffer. L'écrivain, l'artiste et l'homme. Hachette, Parys 1887.
- Ernst Gallati: Rodolphe Töpffer und die deutschsprachige Kultur. Bouvier, Bonn 1976. ISBN 3-416-01026-4.
- Eckart Sackmann: Rodolphe Töpffers Einflüsse im deutschen Sprachraum. Yn: Ders. (werútj.): Deutsche Comicforschung 2005. Comicplus, Hildesheim 2004, ISBN 3-89474-144-9, S. 12–21.
- David Kunzle: Father of the comic strip. Rodolphe Töpffer. University Press, Jackson, Miss. 2007, ISBN 978-1-57806-947-7.
- Philippe Kaenel: Le métier d'illustrateur 1830–1880. Rodolphe Töpffer, J.-J. Grandville, Gustave Doré. Edition Messene, Parys 1996, ISBN 2-911043-08-1 (teffens dissertaasje, Universiteit fan Lausanne 1994).
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppelings om utens
bewurkje seksje- In online ferzje fan syn earste yllustrearre ferhaal, yn manuskriptfoarm Les Amours de Monsieur Vieux-Bois
- It ferhaal Histoire d'Albert as PDF-triem
- Publisearre ferzje fan boppeneamd ferhaal
- Biografy fan syn Amerikaanske útjouwer John Neal
- In krityske biografy fan Töpffer
- Alle stripboeken fan Töpffer en de earste Ingelske oersetting
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|