Nôtmole

(Trochferwiisd fan Roggemûne)

In nôtmole is in mole wêrmei't út nôt moal meald wurdt. Eartiids wienen der saneamde banmoles of twangmoles dêr't men ferplichte wie it nôt meale te litten.

Selskruier mei selsswichting en houten achtkant op stiennen foet
Selskruier mei selsswichting en houten tolwekant op stiennen foet

Al yn de âldheid mealden minsken harren nôt; yn it earstoan mei twa oer elkoar wriuwende stiennen, letter mei rûndraaiende hânmoles of kwearns, wer letter mei wettermoles of wynmoles.
It binne de beide molestiennen dy't yn de nôtmole it eigentlike mealwurk dogge. De ûnderste stien, de lizzer, sit fêst oan de flier fan de stiensouder, mei dêrboppe mei in lytse tuskenromte de loper (de mealstien dy't draaie kin).
Dêr tuskenyn falt it nôt troch it kropgat yn de draaiende loper op de lizzer. De ôfstân tusken de twa stiennen is troch de moolner sekuer yn te stellen troch in spesjaal meganisme, dat it 'hynder' neamd wurdt. Mei de lichtstôk wurde troch de moolner 2 of 3 balken troch hefboomwurking op of del litten, wêrtroch't de loper heger of leger komt te stean. Om it wurk fan de moolner te ferlichtsjen is yn in soad moles in regulateur makke, dy't mei middelpuntwikende krêft middels gewichten oandreaun wurdt en sa meihelpt de loper op de goede hichte ten opsichte fan de lizzer draaie te litten.
De hichte fan de ôfstelling hinget ûnder oare ôf fan de oandriuwkrêft, fan it te mealen produkt en de winske finens fan it moal. De bêste mealsnelheid wurdt by in wynmole berikt as it wjukkekrús 60 einen (wjukken) yn de minút rûndraait. Troch skerpsel (groeven) yn de stiennen wurdt it nôt nei de bûtenside fan de stiennen dreaun en dêrtroch meald.

It te mealen nôt wurdt earst yn it kaar boppe-op de mealkûp of mealstoel stoarten. Troch in útstreamiepening, dy't iepen of tichtsetten wurde kin, komt it nôt yn de skoddebak. Dy bak wurdt troch in stienspil hinne-ende-wer beweegd, wêrtroch't it nôt dosearre yn it kropgat falt. Yn de houten stienkûp wurdt it moal, troch in oan de loper fêstmakke oanjager meinomd oant it it gat fan de mealring passeart om dêrnei yn de moalpiip te fallen. Dêrnei wurdt it op de moalsouder opfong yn de mealbak, dêr't in moalsek ûnder hinget (sjoch foto hjirûnder).

Keppeling om utens

bewurkje seksje