The Rolling Stones

(Trochferwiisd fan Rolling Stones)

The Rolling Stones is in Ingelske rockband. De band waard 1962 oprjochte yn Londen troch Brian Jones, en waard uteinlik laat troch de songwriting partnerskip fan sjonger Mick Jagger en gitarist Keith Richards. De groep begûn mei it spyljen fan blues, R&B en rock 'n' roll, en letter ek oare sjenres, as country, reggae en disko. Op de Amerikaanske toer yn 1969 wie de Stones al de grutste rock & roll band fan de wrâld. De band hat mear as 30 albums útbrocht mei eigen wurk, en hat 37 top 10 singles makke. Yn 1989 kaam The Stones Rock and Roll Hall of Fame en yn 2004 waard de band yn it tydskrift Rolling Stone as nûmer fjouwer keazen op de list fan 100 Greatest Artists fan alle tiden. De Rolling Stones hawwe mear as 200 miljoen albums ferkocht.

The Rolling Stones
Ic queue music 48px.svg band
The Rolling Stones Mei de klok mei: Mick Jagger, Keith Richards, Ron Wood en Charlie Watts
The Rolling Stones
Mei de klok mei: Mick Jagger, Keith Richards, Ron Wood en Charlie Watts
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the United Kingdom.svg Britsk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Blues,
Rock,
Hardrock
bestean 1962 – No
label(s) Decca,
London,
Rolling Stones Records,
Virgin,
Polydor
âld-leden Mick Taylor gitaar (1969-1974)
Brian Jones gitaar (1962-1969) †
Ian Stewart toetsen (1962-1985) †
Bill Wyman bas (1962-1993)
Tony Chapman drums (1962-1963)
Dick Taylor bas (1962)
Charlie Watts drums (1963-2021) †
leden
Sang Mick Jagger
Gitaar Keith Richards
Bas Ron Wood
Rolling Stones (2005)
De Stones mei Amy Winehouse yn 2007

SkiednisBewurkje

De Rolling Stones krigen yn 1963 in platekontrakt en brochten de earste single út, “Come on” in lietsje fan de rock en roll sjonger en gitarist Chuck Berry. De twadde single “I wanna be your man” wie skreaun troch John Lennon en Paul McCartney fan de Beatles. Doe spilen hja meast lietsjes fan oaren, letter skreaunen Mick Jagger en Keith Richards de ferskes tegearre. “Aftermath” (1966) wie it earste album dêr’t alinne noch mar ferskes op stienen dy ’t Mick Jagger en Keith Richard sels skreaun hienen, sa as de hits "Under my Thumb”, “Paint it Black” en “Lady Jane”.

De Rolling Stones wienen populèr oer de hiele wrâld. Se joegen in soad konserten. By it earste konsert yn Nederlân, yn it Kurhaus yn Scheveningen (1964)moasten hja al nei in pear ferskes stopje, troch de útsinnigens fan it publyk en it hurde optreden fan de plysje.

De jierren 1967-1968 wienen de tiid fan de hippys en de “Flower power” mei psychedelyske muzyk. De Rolling Stones lieten har beynfloedzje troch dizze muzyk, op harren album “Their Satanic Majesties Request”. Yn dy perioade krigen Brian Jones, Mick Jagger en Keith Richard swierrichheden mei justysje troch harren drugsgebrûk. Letter waard dat noch slimmer.

Yn juny 1969 waard Brian Jones troch de oaren ûntslein, omdat er gjin fisum krige foar de FS, wylst de band dêr spylje woe. In pear wiken letter waard hy dea fûn op de boaiem fan syn swimbad. It is nea folsein dúdlik wurden hoe’t hy ferstoarn is. Syn opfolger wie Mick Taylor. In pear wiken letter joegen de Stones in iepenloftkonsert yn it Hyde Park yn Londen, dêr’t it publyk fergees by wêze mocht. Letter dat jier waard it album “Let it bleed” útjûn. Op in pear lieten spilet Brian Jones noch mei, op oare lietsjes is Mick Taylor te hearren. Bekinde lieten fan dat album binne “You can’t always get what you want”, “Gimme shelter”, “Midnight rambler” en “Country Honk”, in country ferzje fan de hit “Honky Tonk Women”.Yn desimber 1969 waard by in iepenloftkonsert yn Altmont (FS) in jonge delstutsen en mishannele troch in Hells Angel. De jonge stoar fuortendaliks.

It live album “Get Yer Ya-Ya’s Out” waard útbrocht yn 1970 mei sawol âlde as nije lietsjes. Dit wurdt sjoen as it bêste livealbum fan de Rolling Stones. Yn 1971 folge it album “Sticky Fingers” mei de hit “Brown Sugar” en de country ferskes “Dead flowers” en “Wild Horses”. Dêrnei ferskynde it dûbelalbum “Exile on Main St.” De beide albums “Sticky Fingers” en “Exile on Main St.” wurde yn it generaal sjoen as de bêste dy’t de Rolling Stones makke hawwe. Op de plaat dy’t dêr op folget, “Goats Head Soup”, stiet de hit “Angie”, dy’t Mick Jagger opdroegen hat oan Angie Bowie, de frou fan David Bowie. It album “It’s Only Rock ’n Roll” (1974) wie it lêste mei Mick Taylor. Dy stapte út de band, om’t de sfear tusken de bandleden net sa goed wie. Bûten de opnamestudio ûntrûnen hja elkoar sa folle mooglik. Hy seach al in hiel skoft út nei in nije ynternasjonale toernee, mar dat koe net trochgean omdat Keith Richards gjin fisum krige fanwegen syn drugsgebrûk (it selde dat Brian Jones in pear jier earder oerkaam wie).

Mick Taylor waard opfolge troch Ron Wood dy ’t earder by the Faces spile. Hy die foar it earst mei op “Black and Blue” in album mei in soad reggea ynfloeden. Ein 1978 waard “Some Girls” útbrocht mei de hits “Miss You” en “Beast of Burden”. Op dat album binne ûnder oaren ynfloeden te hearren fan country (“Far away eyes”), disko (“Miss you”) en hardrock (“Respectable”). Dit is it bêst ferkofte album fan de Rolling Stones. It album “Tattoo You”, mei de hits “Start me Up” en “Waiting on a Friend” waard útbrocht yn 1981. Yn 1983 brochten hja “Undercover of the Night” út en yn 1986 kamen hja wer byelkoar foar it album “Dirty Work“ mei it suksesfolle “Harlem Shuffle”, skreaun troch Bob Relf en Earl Nelson, dy’t der sels yn 1969 al in hit mei hienen. Bill Wyman stapte út de band yn 1993. Hy waard opfolge troch Darryl Jones, dy’t gjin offisjeel lid fan de band wurden is.

It nije album “Voodoo Lounge” (1994) wie in sukses, lykas “Bridges to Babylon” út 1997. It ferske “Anybody seen my Baby” waard in grutte hit. It duorre oant 2005 ea der wer in folslein nij studioalbum ferskine soe “A Bigger Bang”. Yn 2006 spilen de Rolling Stones op it strân fan Copacabana foar oardel oant twa miljoen taskôgers. Yn 2008 brochten de Stones yn gearwurking mei Martin Scorese in bioskoopfilm út “Shine a Light”.

Foar it earst nei tsien jier brochten de Rolling Stones yn 2016 wer in folslein nij album út, "Blue & Lonesome" dat bestiet út âldere blueslieten. Op 30 septimber 2017 spilen de Stones yn de Amsterdam Arena en op 15 oktober yn de Gelredome yn Arnhim.

Op 24 augustus 2021 ferstoar drummer Charlie Watts nei in koart sykbêd yn in sikenhûs yn Londen. Earder wie al bekind makke dat Watts net mear mei soe op Toernee.

ToerneesBewurkje

  • 2016: In The Desert Tour
  • 2016: América Latina Olé Tour
  • 2015: ZIP Code Tour
  • 2014: 14 On Fire Tour
  • 2012/2013: 50 And Counting Tour
  • 2005/2006/2007: A Bigger Bang Tour
  • 2002/2003: Licks Tour
  • 1999: No Security Tour
  • 1997/1998: Bridges To Babylon Tour
  • 1994/1995: Voodoo Lounge Tour/Stripped Tour
  • 1989/1990: Urban Jungle Tour/Steel Wheels Tour
  • 1982: European Tour 1982
  • 1981: American Tour 1981
  • 1978: US Tour 1978
  • 1976: Tour of Europe '76
  • 1975: Tour of Americas '75
  • 1973: European Tour 1973
  • 1973: Pacific Tour
  • 1972: STP Tour/American Tour 1972
  • 1971: The Goodbye Britain Tour/UK Tour 1971
  • 1970: European Tour 1970
  • 1969: American Tour 1969
  • 1967: European Tour
  • 1966: World Tour 1966
  • Foar 1966 hawwe de Stones ferskate lytsere torrnees dien.


DiskografyBewurkje

Studio-albumsBewurkje

Album Utbrocht op Label Singles Opmerkings
The Rolling Stones
England's Newest Hit Makers
16 april 1964
30 maaie 1964
Decca
London
Not Fade Away (Buddy Holly cover),
Tell Me
England's Newest Hit Makers is de namme fan de Amerikaanske útjefte fan it debútalbum The Rolling Stones.
12 X 5 17 oktober 1964 Londen 12 X 5 is in yn Amearika útjûn studio-album op basis fan de EP Five by Five
The Rolling Stones No. 2
The Rolling Stones, Now!
15 jannewaris 1965
13 febrewaris 1965
Decca
London
Little Red Rooster (Willie Dixon cover),
Heart of Stone
The Rolling Stones, Now! is de namme fan de Amerikaanske útjefte fan it album The Rolling Stones No. 2.
Little Red Rooster waard yn it Feriene Keninkryk as single útbrocht, yn Amearika kaam Heart of Stone as single út.
Out of Our Heads 30 july 1965
24 septimber 1965
London
Decca
Out of Our Heads kaam earst yn Amearika út en dernei yn it Feriene Keninkryk.
De Britske ferzje befette in tal nûmmers dy't earder yn Amearika op it album 12 X 5 stiene.
December's Children (And Everybody's) 4 desimber 1965 London Get Off of My Cloud,
As Tears Go By
Album alinne yn Amearika útbrocht
Aftermath 15 april 1966
2 july 1966
Decca
London
Paint It Black,
Mother's Little Helper
De Amearikaanske útjefte is justjes oars as de útjefte yn it Feriene Keninkryk.
Op de Amearikaanske útjefte stie it nûmmer Paint it Black foar it earst.
Between the Buttons 20 jannewaris 1967
11 febrewaris 1967
Decca
London
Ruby Tuesday De Amearikaanske útjefte is justjes oars as de útjefte yn it Feriene Keninkryk.
Their Satanic Majesties Request 8 desimber 1967 Decca
London
In Another Land,
She's a Rainbow
It earste album fan The Rolling Stones dêr't de ferzje yn de Feriene Keninkryk gelyk is oan de yn Amearika útjûne ferzje.
Beggars Banquet 6 desimber 1968 Decca
London
Street Fighting Man
Let It Bleed 5 desimber 1969 Decca
London
Let It Bleed Lêste album dêr't gitarist Brian Jones noch op te hearren is.
Sticky Fingers 23 april 1971 Rolling Stones Records Brown Sugar,
Wild Horses
It wie it earste album dat útjûn waard ûnder it label Rolling Stones Records.
Exile on Main St. 12 maaie 1972 Tumbling Dice,
Happy
Goats Head Soup 31 augustus 1973 Angie,
Doo Doo Doo Doo Doo (Heartbreaker)
It's Only Rock 'n Roll 18 oktober 1974 It's Only Rock 'n Roll (But I Like It),
Ain't Too Proud to Beg
Black and Blue 23 april 1976 Fool to Cry,
Hot Stuff
Some Girls 9 juny 1978 Miss You,
Beast of Burden,
Respectable,
Shattered
It wie it earste album mei Ronnie Wood as offisjeel bandlid fan The Rolling Stones.
Emotional Rescue 20 juny 1980 Emotional Rescue,
She's So Cold
Tattoo You 24 augustus 1981 Start Me Up,
Waiting on a Friend,
Hang Fire
Undercover 7 novimber 1983 Undercover of the Night,
She Was Hot,
Too Much Blood
It wie it lêste Rolling Stones album dêr't toetsenist Ian Stewart op te hearren is.
Dirty Work 24 maart 1986 Harlem Shuffle (Bob & Earl cover),
One Hit (To the Body)
Steel Wheels 29 augustus 1989 Mixed Emotions,
Rock and a Hard Place,
Almost Hear You Sigh,
Terrifying
Voodoo Lounge 4 july 1994 Virgin Love Is Strong,
You Got Me Rocking,
Out of Tears,
I Go Wild
Bridges to Babylon 29 septimber 1997 Anybody Seen My Baby?,
Saint of Me,
Out of Control
A Bigger Bang 5 septimber 2005 Streets of Love,
Rain Fall Down,
Biggest Mistake
Blue & Lonesome 2 desimber 2016 Polydor Just Your Fool,
Hate to See You Go,
Ride 'Em on Down
It wie it lêste studio-album dêr't drummer Charlie Watts op te hearren is.

Live-albumsBewurkje

Album Utbrocht op Label opmerkings
Got Live If You Want It! 3 desimber 1966 London It album waard alinne yn Amearika útjûn, yn it Feriene Keninkryk waard yn 1965 in ep útjûn yn plak fan it album.
Get Yer Ya-Ya's Out!
The Rolling Stones in Concert
4 septimber 1970 Decca
London
Love You Live 23 septimber 1977 Rolling Stones Records
Still Life 1 juny 1982
Flashpoint 2 april 1991
Stripped 13 novimber 1995 Virgin
The Rolling Stones
Rock and Roll Circus
14 oktober 1996 Decca Der waard tocht dat de bylden fan dit konsert ferlern of ferneatige wiene, mar nei de dea fan Ian Stewart yn 1985 waarden parten fûn yn de besittingen fan Stewart. In grut part fan de film waard noch hieltyd fermist oant it yn 1993 wer ûntdutsen waard yn klûs fan The Who yn London. De film waard foltôge yn 1996 en gie yn premjêre op 12 oktober 1996 yn it Walter Reade Teatre as ûnderdiel fan it New York Film Festival.
No Security 2 novimber 1998 Virgin
Live Licks 1 novimber 2004
Shine a Light 1 april 2008 Polydor
On Air 1 desimber 2017

Kompilaasje-albumsBewurkje

 
De Tongue and lips logo fan the Rolling Stones' waard yn 1971 yntrodúsearre.
Album Utbrocht op Opmerkings
Big Hits
(High Tide and Green Grass)
28 maart 1966
4 novimber 1966
Album waard earst útbrocht yn Amearika dernei yn it Feriene Keninkryk.
Flowers 26 juny 1967
Through the Past, Darkly
(Big Hits Vol. 2)
12 septimber 1969
Stone Age 6 maart 1971
Gimme Shelter 10 septimber 1971
Hot Rocks 1964–1971 20 desimber 1971
1 juny 1990
Album waard earst útbrocht yn Amearika, en pas yn 1990 yn it Feriene Keninkryk.
Milestones 18 febrewaris 1972
Rock 'n' Rolling Stones 13 oktober 1972
More Hot Rocks
(Big Hits & Fazed Cookies)
11 desimber 1972
No Stone Unturned 5 oktober 1973
Metamorphosis 6 juny 1975
Made in the Shade 6 juny 1975
Rolled Gold:
The Very Best of the Rolling Stones
6 novimber 1975
Get Stoned
(30 Greatest Hits)
20 oktober 1977
Time Waits for No One:
Anthology 1971–1977
29 maaie 1979
Solid Rock 28 oktober 1980
Slow Rollers 1 jannewaris 1981
Sucking in the Seventies 9 maart 1981
Story of The Stones 1 desimber 1982
Rewind (1971–1984) 19 juny 1984
Singles Collection:
The London Years
15 augustus 1989
Jump Back:
The Best of The Rolling Stones
22 novimber 1993
24 augustus 2004
Album waard pas yn 2004 yn Amearika útbrocht.
Forty Licks 30 septimber 2002
Rarities 1971–2003 22 novimber 2005
GRRR! 12 novimber 2012
Honk 19 april 2019

Ep'sBewurkje

  • The Rolling Stones - (17 jannewaris, 1964) - Decca
  • Five by Five - (14 augustus, 1964) - Decca - In wiidweidiger ferzje fan dizze EP waard letter yn 1964 as ûnder de namme 12 X 5 as studio-album útbrocht.
  • Got Live If You Want It! - (11 juny, 1965) - Decca

Keppeling om utensBewurkje