Romeinske ferovering fan Brittanje

De Romeinske ferovering fan Brittanje fûn plak yn it jier 43, doe't keizer Klaudius besleat ta in ynvaazje fan 'e Britske Eilannen, wêr't syn foargonger Kaligula der yn 40 fan ôfsjoen hie.

Oermastering fan Brittanje

Neffens guon boarnen is dat beslút it gefolch fan de flecht troch de Keltyske, pro-Romeinske kening Ferika, neidat dizze troch de Britske kening Kunobelin ôfsetten is. Fierders is Brittanje ryk oan lead, tin en leauwe de Romeinen - net terjocht - dat it ek ryk wie oan goud.

Mar wat lykwols de wichtichste redenen wienen foar de oermastering wie de stipe dy't kening Kunobelin joech oan de Gallyske druïden dy't hieltyd foar rebûlje soargen yn Galje. Om syn greep op de Gallyske provinsje te fergrutsjen stelde Klaudius alle druïden bûten de wet en sûnder de oermastering fan Brittanje hie dy wet gjin sin.

Aulus Plautius, de kommandant fan Germaanje wie befelhawwer fan de ekspedysje dy't op it eilân Wight lane , de Teems oerstuts en in fersterking boude yn Kamelodunum (Colchester). It Romeinske leger wie tige súksesfol en Klaudius besocht syn troepen 16 dagen en kearde doe triomfantlik werom nei Rome.

Fjildslaggen bewurkje seksje