Roy A. Tucker (Jackson, Mississippy, 1951 - Tucson, 5 maart 2021[1]) wie in Amerikaanske astronoom. Hy wurdt beskôge as in tige fertsjintlik ûntdekker fan asteroïden. Tusken 1996 en 2019 hat er mear as 700 himellichems - meast asteroïden - identifisearre en yn 'e mande mei oaren ûntdutsen.

Tucker waard grutbrocht yn Memphis (Tennessee). Sûnt 1966 is er lid fan de Memphis Astronomical Society. Hy helle syn mastersgraad oan de Universiteit fan Kalifornje yn Santa Barbara. Sûnt wurket er as yngenieur by it Imaging Technology Laboratory fan de Universiteit fan Arizona.

Yn 1999 waard in asteroïde dy't yn 1997 troch Paul G. Comba ûntdutsen waard, Tucker (10914) doopt. Yn 2002 wie Tucker ien fan de fiif wittenskippers dy't de Gene Shoemaker Near Earth Object Grant krigen. Tucker syn wichtichste (mei)ûntdekking wie nei alle gedachten de asteroïde (99942) Apophis - earder better bekend as 2004 MN4 - yn 'e mande mei David J. Tholen en Fabrizio Bernardi fan de Universiteit fan Hawaï. De asteroïde sil op 13 april 2029 hiel ticht by de ierde komme. Hy wie ek belutsen by de ûntdekking fan de kometen 328P/LONEOS-Tucker en C/2004 Q1, út de saneamde Jupiterfamylje.

  • Aguirre, Edwin L. 1999. Sentinel of the Sky - Armed with a Modest Telescope and CCD Camera, Tucson Amateur Roy A Tucker Joins the Ranks of Professional Astronomers Who Have Discovered Near-Earth Objects. Sky and Telescope. 97, no. 3: 76.
  • CCD Precision Photometry Workshop, Eric R. Craine, Roy A. Tucker, Jeannette V. Barnes. CCD Precision Photometry Workshop: Proceedings of a Meeting Held at San Diego, California, USA, 6-7, June 1998. Astronomical Society of the Pacific conference series, v. 189. San Francisco, Calif: Astronomical Society of the Pacific, 1999. ISBN 1-58381-015-3.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: