Santa Barbara (Kalifornje)

Santa Barbara is in stêd oan 'e súdwestkust fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, yn 'e regio Súdlik Kalifornje, dêr't it ynklamme leit tusken it Santa Ynezbechtme en de Stille Oseaan. It is it haadplak fan it omlizzende Santa Barbara County. De stêd priizget himsels oan as "de Amerikaanske Riviêra", en is bûten Kalifornje fral bekend troch de soapsearje Santa Barbara, dy't jierrenlang (ek yn Nederlân) op 'e tillefyzje te sjen wie. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Santa Barbara doe krapoan 91.000 ynwenners (kwa grutte is it dus te ferlykjen mei Ljouwert). Mei alle foarstêden derby, lykas Isla Vista, Montecito, Mission Canyon, Hope Ranch en Summerland, hat Santa Barbara as stêdekloft in ynwennertal fan likernôch 220.000.

Santa Barbara
In útsjoch oer de readpanne dakken fan Santa Barbara dat út nei de see.
In útsjoch oer de readpanne dakken fan Santa Barbara dat út nei de see.
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Kalifornje
County Santa Barbara County
Sifers
Ynwennertal 90.893 (2012)
Oerflak 108,7 km² (ynkl. wetter)
50,4 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 1.753 / km²
Stêdekloft 220.000 (2010)
Hichte 15 m
Oar
Stifting 1782
Tiidsône UTC -8
Simmertiid UTC -7
Koördinaten 34°25′33″N 119°42′51″W
Offisjele webside
www.santabarbaraca.gov
Kaart
In útsjoch oer de readpanne dakken fan Santa Barbara dat út nei de see.
De lizzing fan Santa Barbara yn Santa Barbara County en yn 'e steat Kalifornje.

It ierste bewiis fan minsklike bewenning yn 'e krite fan Santa Barbara giet 13.000 jier tebek. Doe't de Portegeeske ûntdekkingsreizger João Cabrilho as earste Jeropeaan yn 1542 troch it Kanaal fan Santa Barbara fear, en in koart besyk oan it gebiet brocht, waard dat bewenne troch likernôch 8.000 oant 10.000 Tsjûmas-Yndianen, ferdield oer fiif grutte doarpen. Yn 1602 ferneamde de Spanjert Sebastián Vizcaíno de kontrei nei de hillige Barbara, om't er op 3 desimber fan dat jier (de hjeldei fan 'e hillige Barbara) dêr foar de kust in skriklike stoarm oerlibbe hie.

 
De (roomske) Missy fan Santa Barbara, stifte yn 1786 (it gebou sels datearret út 1812).

De earste ekspedysje oer lân, dy fan Gaspar de Portolà, kaam yn 1769 by Santa Barbara lâns. De earste permaninte Jeropeeske bewenners wiene de roomske misjonarissen en soldaten ûnder lieding fan Felipe de Neve en pater Junípero Serra, dy't yn 1782 de delsetting Santa Barbara stiften troch te begjinnen mei de oanlis fan in Spaanske fêsting op dat plak, de Presidio fan Santa Barbara. Fjouwer jier letter kaam de Missy fan Santa Barbara ôf, in tsjerkegebou dat as basis tsjinne foar de kristening fan 'e Yndianen út 'e fiere omkriten. Yn 'e folgjende desennia stoaren in protte fan 'e Tsjûmas oan sykten dy't de Spanjerts meibrocht hiene, lykas de pokken, dêr't harren lichems gjin ferwar tsjin hiene. Yn 1812 waard Santa Barbara troffen troch in swiere ierdbeving, dy't nei skatting 7,1 op 'e Skaal fan Richter west hawwe moat, folge troch in grutte tsûnamy. De Missy en in grut part fan 'e delsetting rekken alhiel ferrinnewearre, en neitiid werbouden de paters harren Missy as it swide gebou dat tsjintwurdich noch altyd bestiet.

Fan 1821 ôf hearde Santa Barbara mei de rest fan Kalifornje in fearnsiuw ta Meksiko, mar yn 1846, ûnder de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, waard it sûnder bloedferjitten ynnommen troch de Amerikanen, en twa jier letter kaam it troch it Ferdrach fan Guadelupe Hidalgo, dêr't de oarloch mei beëinige waard, by de Feriene Steaten te hearren. Tusken 1850 en 1860 ferdûbele de befolking fan it stedsje, fan likernôch 1.200 ta 2.150. Stadichoan rekken de Californios, de Meksikaanske befolking fan foar de Amerikaanske anneksaasje, yn Santa Barbara yn 'e minderheid; yn 1870 waard it Spaansk ferfongen troch it Ingelsk as de taal dêr't de offisjele stikken fan 'e gemeenterie yn opsteld waarden.

Hoewol't de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) wat wie dat him fier fuort yn it Easten ôfspile en gjin direkte ynfloed op Santa Barbara hie, hie de rampsillige drûchte fan 1863 dat wol. It grutste part fan it fee kaam om en de grutte feepleatsen giene hast allegear oer de kop; de grûn waard yn lytse stikken ferkocht oan nije kolonisten út it Easten. Yn dyselde snuorje priizge de skriuwer Charles Nordhoff Santa Barbara oan as in kueroard foar begoedige reizgers út oare dielen fan it lân. In protte fan 'e lju dy't dêrop ôf kamen, hiene it yn 'e stêd sa nei't sin dat se har der foargoed nei wenjen setten. Tsjin 1900 hie Santa Barbara in befolking fan hast 6.600 minsken.

 
In strjitbyld út Santa Barbara.

Om 'e iuwwiksel hinne waard der oan 'e kust by Santa Barbara ierdoalje ûntdutsen, en it Summerland-oaljefjild, sa't it kaam te hjitten, wie it earste off-shore-oaljefjild fan 'e wrâld dat yn ûntwikkeling nommen waard. Yn it tiidrek fan 'e stomme film wie yn Santa Barbara fierdersoan wrâlds grutste filmstudio fêstige, Flying A Studios. Pas yn 1922 ferfear dy nei Hollywood. Op 29 juny 1925 waard Santa Barbara op 'e nij troffen troch in swiere ierdbeving, dy't de stêd fierhinne ferrinnewearre en 13 of mooglik 14 minsken de dea die. Under de Twadde Wrâldoarloch waard it Ellwood-oaljefjild, 16 km bewesten Santa Barbara, op 23 febrewaris 1942 besketten troch de Japanske dûkboat I-17. Hoewol't de besjitting der fierhinne by troch gie en mar in bytsje skea oanrjochte, briek der ûnder de befolking fan Santa Barbara grutte panyk út. In protte lju sloegen op 'e flecht, en grûnprizen tommelen nei in histoarysk djiptepunt. Nei de oarloch fêstigen in protte âld-soldaten, -matroazen en -mariniers dy't yn oarlochstiid yn 'e krite legere west hiene, har yn Santa Barbara, en de befolking fan 'e stêd gie tusken 1945 oant 1950 omheech fan 35.000 oant 45.000.

 
Yn 'e botanyske tún fan Santa Barbara.

Yn 1969 fûn foar de kust fan Santa Barbara ien fan 'e formative foarfallen plak út 'e skiednis fan wrâldwide miljeubeweging, doe't by in ûngemak op in boarplatfoarm yn it Dos Cuadros-oaljefjild 100.000 fetten oalje (16.000 m³) yn 'e see lekte. Sûnt dy tiid hat it stedsbestjoer war dien om "skjinne" yndustry oan te lûken, wêrûnderromtefeartbedriuwen as Raytheon en Delco Electronics. Oare rampen dy't Santa Barbara troch de jierren hinne troffen hawwe, binne boskbrannen. Yn 1964 giene dêrtroch 106 wenten ferlern; yn 1977 200; yn 1990 500 yn in pear oeren tiid; yn 2008 210; en yn 2009 160.

Santa Barbara hjoed de dei

bewurkje seksje

De basis foar de ekonomy fan Santa Barbara wurdt foarme troch de tsjinstesektor (ynkl. ûnderwiis en oerheid), en yndustry op it mêd fan romtefeart- en definsjetechnology. Fan 'e ranglist fan 'e tsien grutste wurkjouwers fan 'e stêd wurde de earste fiif plakken (en trije fan 'e twadde fiif) ynnommen troch ûnderwiisynstellings, oerheidstsjinsten en sikehuzen. De grutste wurkjouwer is de Universiteit fan Kalifornje, Santa Barbara (UCSB), mei 6.200 arbeidsplakken. Dat is dan ek mei-iens de wichtichste ynstelling foar heger ûnderwiis fan 'e stêd; de oare grutte universiteit is it Santa Barbara City College (mei 2.000 banen de op trije nei grutste wurkjouwer).

Santa Barbara priizget himsels oan as in toeristyske bestimming foar it hiele jier, mei moai waar, skildereftige strannen en ferskate museä fan namme, lykas it Santa Barbara Museum of Art en it Santa Barbara Historical Museum. Ein jannewaris fynt der fierders it Ynternasjonaal Filmfestival fan Santa Barbara plak. Jiers wurdt de pleatslike ekonomy goed $1 miljard wizer fan it toerisme, en dêrfan komt $80 miljoen yn 'e foarm fan belesting te'n goede oan 'e gemeentlike skatkiste.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Santa Barbara 14,2% âlder as 65 jier en 18,6% jonger as 18 jier. Fierders bestie 45,9% fan 'e húshâldings út ien persoan. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 37,1% blanken; 38,0% Latino's; 3,5% Aziaten; 1,6% swarten; 1,0% Yndianen; 18,8% oaren of fan mingd etnysk komôf.

 
De Universiteit fan Kalifornje, Santa Barbara.

Berne yn Santa Barbara

bewurkje seksje

Stoarn yn Santa Barbara

bewurkje seksje

Santa Barbara hat in Mediterraansk klimaat, mei drûge waarme simmers en wiete mylde winters. Yn augustus, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 24,4 °C, en yn jannewaris en desimber, de kâldste moannen, is dat 18,2 °C. De stêd kriget jiers trochinoar 472,2 mm delslach, al kin dat fan jier ta jier witwat ferskille. Yn útsûnderlik wiete jierren, lykas 1940-1941 of 1997-1998, is der wolris mear as 1.000 mm rein fallen, wylst der yn snuorjes fan drûchte soms mar 150 mm yn in jier falt. Hoewol't der boppe-yn it Santa Ynezberchtme soms snie falt, is dat yn Santa Barbara noch nea foarkommen, útsein in pear ferdwaalde flokjes yn 1939.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.