Royal Lankhorst Euronete Group
Royal Lankhorst Euronete Group B.V. (foarhinne: Lankhorst Touwfabrieken N.V.) is it op ien nei grutste toufabryk nei de Twadde Wrâldoarloch. Der wiene op it hichtepunt sa'n 400 wurknimmers. It fabryk yn Snits waard yn 1803 oprjochte troch N.J. Lankhorst.
Der waard tou fan natuerlike en fan syntetyske rizels en alle soarten tou en jern makke foar de fiskerij, de handel en de yndustry. Bygelyks skipstrossen, seilen, jern foar de tapytyndustry, bynjern en foar de lânbou. Der waard in soad eksportearre nei de Feriene Steaten en Kanada. Yn 2009 is it útgroeid ta in konsern dat wrâldwiid in breed assortimint oan produkten makket. Sûnt 1977 wurde der ek keunststof produkten makke. Sa wurde der ek opslachsystemen foar de stielyndustry en de offshore-yndustry fabrisearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|