Ruurd Wiersma Hûs
It Ruurd Wiersma Hûs, oprjochte yn 1982, is in museum yn Burdaard oer de Fryske naïve skilder Ruurd Wiersma. It museum sit oan de Mûnewei yn in eardere dûbele wente út 1905, dêr't de skilder oant 1964 wenne hat. Ruurd Wiersma makke net allinne skilderijen, mar beskildere alles wat om him hinne yn syn wenning yn Burdaard oanwêzich wie mei ôfbyldings. Dy wienen ynspirearre op de bibel en de wrâld sa't er dy om him hinne seach. De wanden fan syn keamer, syn klompen en de koekjetromp waarden sa omtovere ta keunstwurken. Nei syn dea waard syn hûs in museum.
De earste kolleksje bestiet út wurken fan de skilder: modelklokken, reproduksjes, skilderijen en wandskilderingen.
De twadde út besittings fan Wiersma: foto's, húsrie, klean en persoanlike besittings.
Twa jier foar syn dea, yn 1978, makke sineaste Marijke Jongbloed fan Hallum in dokumintêre mei Wiersma ûnder de titel 'Alle dagen zondag'. Dêryn fertelt Wiersma op syn karakteristike wize oer syn libben en syn skilderjen.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |