Sân Susters
De Sân Susters (Russysk: "wisotky") binne in groep Stalinistysk-goatyske wolkekliuwers boud ûnder it regear fan Stalin yn Moskou, reekommen yn 1953. Yn de arsjitektuer sitte eleminten fan de midsiuwske gotyk en fan de barokke Kremlintuorren. De boustyl fan de Amerikaanske "skyscrapers" út de jierren 30 fan de 20e iuw is ek te werkennen.
De Sân Susters:
- It haadgebou fan de Steatsuniversiteit fan Moskou
- In appartemintegebou oan de Kotelnichskaja Naberezjnaja
- In appartemintegebou oan it Kûdrinskajaplein
- Hotel "Oekraïne"
- Hotel "Leningrad"
- It Ministearje fan Utlânske Saken
- It Ministearje fan Swiere Yndustry
De grutste toer bûten de Sowjetuny, dy't wat styl en ôfmjittings oanbelanget net ûnderdocht by de 'sân', is it Paleis fan Kultuer en Wittenskippen yn Warsjau, Poalen.
Yn 2003 waard it Triumph-Palace oplevere, nei it skynt it heechste gebou yn Jeropa. It wurdt beskôge as de achtste suster.
De Sân Susters
bewurkje seksje-
1. Haadgebou fan de Steatsuniversiteit fan Moskou
-
2. Hotel Oekraïne
-
3. Kûdrinskaja
-
4. Ministearje fan útlânske saken
-
5. Paleis fan de Sovjets (net boud)
-
7. Hotel "Leningrad"
-
8. Toer fan Dûsjkin
-
9. Kotelnitsjeskaja