Sân sliepers fan Efeze
De Sân sliepers fan Efeze is in leginde oer hilligen mei in tradysje yn it kristendom. Yn de Legenade Aurea wurdt beskreaun hoe't sân jonge Grykske manlju út Efeze (it tsjintwurdige Selçuk yn Turkije en yn dy tiid ûnderdiel fan it Romeinske Ryk) flechtsje moatte foar de kristenferfolgings ûnder keizer Desius nei in grot en dêr yn in iuwenlange sliep falle. Mooglik leit de oarsprong fan it motyf yn de tiid fan foar it kristendom.
Sân sliepers fan Efeze | ||
hillige | ||
10e-iuwske miniatuer fan de sân sliepers (Fatikaanske bibleteek, Rome) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 3e iuw | |
berteplak | 5e iuw | |
stjerplak | Efeze | |
hillichferklearring | ||
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke Eastersk-Otterdokse Tsjerke Oriïntaalsk-Otterdokse Tsjerken Islaam | |
hjeldei | oarspronklik 27 july; otterdokse hjeldagen op 4 augustus en 22 oktober | |
hillichdom | Efeze by Selçuk yn Turkije | |
patroan fan | wurde oanroppen tsjin sliepeleazens |
De sân sliepers wurde ek yn de islaam fereare. It Twadde Fatikaanske Konsylje skraste yn 1969 de betinkingsdei fan de sân sliepers fan de roomske hilligenkalinder.
Boarnen
bewurkje seksjeDe leginde fan de sân sliepers waard foar it earst troch de Syryske biskop Jakob fan Sarug (451-521) fêstlein. Ek binne der geskriften fan Gregoarius fan Tours, Dionisius Telmaharensis, Jacobus de Voragine en proaza- en islamityske teksten oer de sân sliepers. Nei alle gedachten bestie al om 500 hinne in folsleine ferzje.
Oerlevering
bewurkje seksjeYn it jier 251 kaam de romeinske keizer Desius nei Efeze om de offerfeesten foar heidenske goaden by te wenjen. Ek woed er him by dy gelegenheid persoanlik op de hichte stelle fan de fuortgong fan de ferfolgings fan kristenen. De kristenen besochten harren te ferstopjen, mar at se ûntdutsen waarden ferstoaren hja de martlersdea. Ek sân tige jonge kristenen, soannen fan famyljes út de boppelaach, waarden ferret en nei de keizer brocht. Doe't se wegeren oan de heidenske goaden te offerjen joech de keizer harren fanwegen de jonge leeftyd noch wat betinktiid.
Wylst de keizer besites brocht oan oare plakken, makken de sân jonge manlju gebrûk fan harren betinktiid om jild yn te sammeljen foar de earme minsken yn de stêd. Hja betochten om harren yn in grot yn de berch Anchilus skûl te hâlden, sadat se dêr yn alle rêst harren kristlike plichten útoefenje koene. De jongste fan de sân waard der as bidler op útstjoerd om yn de stêd iten te keapjen, mar krekt op dat stuit kaam Desius werom. De jonge spile gau fan ruten en makke dat er wer yn de grot kaam, mar it wie him net slagge om genôch bôle foar elk mei te nimmen en wylst se yn de grot finzen sieten rekke it iten al hiel gau op. Lang om let joegen se harren del en slepten stadichoan yn.
Desius liet it der net by sitte en joech opdracht om de sân jonges te sykjen. Doe't it him net slagge se te finen, drige de keizer de heiten fan de jonges te marteljen. Dat die wol fertuten; hja koene har net stil hâlde en fertelden de keizer wêr't de jonges har skûl holden. Om't Desius der fan út gong dat de jonges noch libben, liet er de tagong fan de grot mei grutte stiennen tichtmitselje, sadat se libben begroeven waarden.
In pear iuwen letter, ûnder it regear fan Teodosius II, wie der striid yn it ryk mei ketters dy't de opstanning fan Kristus ûntkenden. Yn dy tiid wie in sekere Adolius fan doel om in nije stâl foar syn fee te bouwen. Hy frege syn feinten om de stiennen fan de yngong fan de grot foar dat doel wei te heljen en mei't de stiennen fuortbrutsen waarden liet God de sân sliepende jonges út harren lange sliep ûntweitsje. Hja kamen oerein, mar hiene der gjin erch yn dat hja likernôch 200 jier slept hiene en tochten dat der mar ien nacht foarby gien wie.
As earste sil de jongste de grot út om te besykjen wat iten út de stêd te heljen. Hy nimt wat jild mei, mar fernimt al gau dat der wat frjemds oan de hân is as er by de yngong komt en dêr de stiennen lizzen sjocht. Ek is er tige fernuvere oer it grutte krús dat op de stedstoer fan Efeze yn 'e sinne stiet te skinen. Hy komt yn in hiele oare wrâld, de gebouwen binne oars en de minsken binne yn alle frijheid kristen. En de bôleferkeaper sjocht nuver fan it frjemde jild op, as de jonge de bôle betelje wol mei munten dêr't de kop fan keizer Desius op stiet. Hy fertinkt de jonge in skat fûn te hawwen en lit him oppakke en nei de biskop en steedhâlder bringe, dy't him ûnderfregen oer it hoe en wat. De jonge begrypt dan dat Desius al hiel lang lyn ferstoarn is en dat er yn in hiele oare tiid telâne kommen is. Hy nimt de minsken mei nei de grot en yn it tsjuster fan de grot seagen de lju dat de gesichten fan de sân jonges opljochten.
It folk tanke God foar it grutte wûnder, dêr't se tsjûge fan wêze mochten. Keizer Teodosius waard fuort op de hichte brocht. De jonges fertelden de keizer oer harren ynsliepen en de opwekking en fuortsterken dêrmei de keizer yn it leauwe fan de opstanning út de dea.
It tal sliepers
bewurkje seksjeJakob fan Sarug en Dionisius Telmaharensis hawwe it oer acht jonges: de soan fan de prokonsul en syn sân gesellen. It boek Theodosius de situ terrae sanctae út de iere 6e iuw skriuwt, lykas ek de islamityske ferzje yn de Koaran, oer sân manlju en in hûn. Yn de kristlike tradysje bleau lang om let de fariant fan sân manlju oer, mar dan sûnder hûn.
Ferearing
bewurkje seksjeOp de katolike hilligenkalinder waarden de sân sliepers op 27 juny betocht. De gryksk-katolike feestdei is op 4 augustus en de easterske tsjerken fiere de dei op 23 oktober. De sân sliepers binne beskermhilligen fan skippers en wurde by koarts en as immen gjin wink yn de eagen krije kin oanroppen. Neffens de Legenda Aurea binne de nammen fan de sân sliepers: Konstantinus, Dionisius, Jehannes, Malchus, Maksimianus, Mortianus en Serafinus.[1] Yn alle ferzjes is Efeze is plak fan hanneling, dêr't ek tsjintwurdich nog in grot mei in tsjerke en in grêfplak te sjen is.
In soad oan de sân sliepers wijde tsjerken binne der net. Yn Dútslân steane Sânslieperstsjerken en- of kapellen yn de Beierske plakken Rotthof, Stegaurach en Unterrieden en yn it Hessyske Brechen. Ek Vieux-Marché yn Bretanje, Frankryk, hat in oan de sân sliepers wijde tsjerke.
Islaam
bewurkje seksjeYn de Koaran wurdt de leginde fan de gesellen fan de grot (Arabysk: أصحاب الكهف) ferhelle yn de 18e soera "al-Kahf" (الكهف)“ – de grot ) yn de ferzen 9 oant 26. It is de iennige yn de Koaran oanwêzige kristlike oerlevering, dy't net yn de Bibel en ek net yn de apokrive boeken foarkomt. De Koaran wiist der op dat allinne God it krekte tal gesellen yn de grot wit, mar koarankommentaren lizze fers 18:21 sa út, dat sân it iennich goede tal is. Yn de Koaran wurdt fierder gjin plak fan de grot neamd, ek de nammen fan de sân sliepers ûntbrekke. Fieders soe neffens de Koaran de sliep wol 309 jier duorre ha. Om't de Koaran gjin plak neamt ûnstiene der fan Marokko oant Syrje yn gearhing mei regionale farianten fan de oerleveirng op in soad ferskillende plakken yn de buert fan grotten hillichdommen. De hûn fan de sân sliepers ar-Raqim of Qitmîr is ien fan de trije bisten dy't yn de islamityske himel telâne kommen is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Sieben Schläfer von Ephesus
|