SNETA (Syndicat National d'Etude des Transports Aériens) is in earder Belgysk loftfeartbedriuw dat op 31 maart 1919 oprjochte waard troch Georges Nélis mei stipe fan kening Albert I.

De earste flechten fan de Lofthaven Haren, by Brussel, giene nei Londen, Parys en Amsterdam. De float bestie yn't earstoan út trijee Breguet XIV tastellen, eardere bommesmiters fan it Frânske leger, trije De Havilland Airco DH.9's, eardere bommesmiters fan it Britse leger en trije Rumpler C-IV tastellen, dy't earder tsjinnen as ferkenningstastellen yn it Dútske leger.

Yn 1921 begûn de maatskippij mei flechten yn Belgysk Kongo fia har dochterûndernimming CENAC (Comité d' Etude pour la Navigation Aérienne du Congo en letter as Ligne Aérienne du Roi Albert) nei Matadi, Léopoldville en Stanleyville mei seis Lévy-Le Pen wetterfleantugen.

Under de piloaten fan SNETA wiene Tony Orta en fan 1920 oant 1922 Iwan Smirnoff. Op 27 septimber 1921 gie in houten fleantúchloads yn'e ljochte lôge, sân fan de trijentweintich fleantugen fan SNETA giene yn de flammen op.

Op 1 juny 1922 wie er genôch ynformaasje sammele en waarden alle eksperimintele flechten fersteld. Dit makke it paad frij foar de oprjochting fan in echte Belgyske kommersjele maatskippij, SABENA, dy't op 23 maaie 1923 oprjochte waard. De SNETA gie doe yn dy nije loftfeartmaatskippij op.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: