Iwan Smirnoff
Iwan Smirnoff (Russysk: Иван Васильевич Смирнов, Ivan Vasiljevitsj Smirnov) (Vladimir, 30 jannewaris 1895 - Palma de Mallorca, 28 oktober 1956) was een Russysk-Nederlânske ferkearsfleander by de KLM yn in perioade dat de KLM in soad histoaryske flechten makke. De piloaten yn dy tiid waarden as helden beskôge. Smirnoff waard benammen bekend as gesachfierder fan de ferneamde Krystflecht fan de Pelikaan yn 1933.
Iwan Smirnoff | ||
Smirnoff lofts | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Ivan Vasiljevitsj Smirnov | |
nasjonaliteit | Russysk Nederlânsk | |
berne | 30 jannewaris 1895 | |
berteplak | Vladimir | |
stoarn | 28 oktober 1956 (61 jier) | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Fleander, ynspekteur by KLM | |
jierren aktyf | 1914-1917; 1919; 1942-1945 (as piloat) | |
reden bekendheid |
Krystflecht 1933 | |
prizen | sjoch ûnderskiedingen |
Biografy
bewurkje seksjeIwan Smirnoff waard berne yn it tsaristyske Ruslân yn in earme boerehúshâlding. Hy naam by it begjin fan de Earste Wrâldoarloch frijwillich tsjinst yn it Russyske leger en ûntfong foar syn dapperens yn 1914 it Krús fan Sint-Joaris. Fanwegen syn ferwûnings lei er fan 4 desimber 1914 oant 4 april 1915 yn it militêr hospitaal yn Petrograd, dêr 't er út it rút wei de aktiviteiten fan in militêre fleanskoalle observearje koe. Dêrnei rjochte er him op de loftfeart en helle er syn militêr fleanbrevet yn 1915. Hy brocht as jachtfleaner tolve oerwinningen op syn namme en waard dêrmei de fjirde aas fan Ruslân (achter Aleksandr Kazakov, Vasili Jantsjenko, Pavel Argejev (d'Argueff).
By it útbrekken fan de Russyske revolúsje flechte Smirnoff mei twa lotgenoaten oer Vladivostok en tal fan oare plakken úteinlik nei Londen, dêr't allinnich hy en Longin Lipski oankamen. Hja kamen yn tsjinst fan RAF oant de ein fan de oarloch. Nei de oarloch wurke er earst as ynstrukteur foar Russyske piloaten yn Ingelân dêrnei besleat er werom te gean nei Ruslân om generaal Anton Denikin fan it Frijwilligersleger te helpen. Hy moast by oankomst lykwols alwer halje-trawalje flechtsje foar it opkommende Reade leger. Hy sette wer ôf nei Londen en hie dêr in baan as ynkeaper foar it Wite Leger en - nei dy syn nederlaach - as fleantúchmonteur by Handley Page. Yn 1921 naam er tsjinst by it Belgyske SNETA doe't krekt it grutste part fan dy syn float yn flammen opgie. Hy ferhuze nei de KLM. Op 23 oktober 1925 troude er mei de Deenske aktrise Margot Linnet. Trije jier letter waard er ta Nederlanner nasjonalisearre.
Krystflecht 1933
bewurkje seksjeBy de KLM waard er ferneamd as gesachfierder fan de Krystflecht fan 1933 nei Nederlânsk-Ynje. Dy postflecht soe yn earste ynstânsje útfierd wurde mei de nije Fokker F.XX PH-AIZ " Zilvermeeuw ". Troch in motorsteuring wie dy masine lykwols ûnbrûkber. De iennige masine dy 't beskikber wie, wie de gâns stadigere Fokker F.XVIII PH-AIP "Pelikaan". Albert Plesman besleat dat Smirnoff en syn bemanning, besteande út twadde bestjoerder Piet Soer, markonist C. H. van Beukering en wurktúchkundige J. Grosfeld, de flecht dan mar mei dat tastel meitsje moasten. It slagge de bemanning om de flecht yn in rekôrtiid te folbringen. Op 22 desimber 1933 waard Batavia berikt. Op 26 desimber waard ôfset foar de retoerflecht. Nettsjinsteande min waar op de weromreis waard de rûte noch wat rapper ôflein en yn de jûn fan 30 desimber 1933 lâne de "Pelikaan" op in kâld en mistich Schiphol dêr 't mear as 20.000 besikers tastreamd wiene om de bemanning te huldigjen.
Twadde Wrâldoarloch
bewurkje seksjeYn de Twadde Wrâldoarloch bleau er sa folle mooglik as koe foar de KLM fleanen. Ynearsten op de line Napels - Nederlânsk-Ynje, letter fan Lydda ôf nei Nederlânsk-Ynje. Nei't Japan Nederlânsk-Ynje ynfoel fleach Smirnoff evakuaasjeflechten nei Australië. Op 3 maart 1942 sette er útein mei de Douglas DC-3 mei registraasje " PK-AFV " foar in evakuaasjeflecht út Bandûng. Krekt foar de kust fan Australië waard it tastel oanfallen troch trije Japanske Zero jagers dy 't krekt dêrfoar in oanfal op Broome yn Australië útfierd hiene. It slagge Smirnoff, ek al waard er troch kûgels rekke yn syn earms en bil, it swier skansearre tastel feilich op it strân te lânjen. Foardat se rêden waarden ferstoarne fjouwer passazjiers oan harren ferwûnings.
Yn de rest fan de oarloch fleach Smirnoff foar it Air Transport Command fan de Amerikaanske legerloftmacht, dat alle fleantugen fan de KNILM oernaam. Dêrneist teste er ferkearsfleantugen foar de KLM, foar as de oarloch ta in ein kaam. Begjin 1944 kearde Smirnoff werom nei Europa om dêr te fleanen foar de KLM op de line Ingelân - Lissabon.
Nei de oarloch
bewurkje seksjeYn 1946 kaam er werom yn Nederlân. Yn 1947 hold er op mei aktyf fleanen en waard er ynspekteur by KLM. Syn frou Margot kaam yn dat jier te ferstjerren en op 23 septimber 1948 troude er op 'e nij mei Mina Redwood. Beide houliken bleaune sûnder bern. Yn 1949 naam er dochs noch ûntslach en dêrnei brocht er syn tiid troch op Majorka.
Underskiedingen
bewurkje seksje- Krús fan Sint-Joaris (4e, 3e, 2e klasse en 1e klasse mei lauwertakke)
- Sint-Joarisoarder (Oarder fan Sint-George) 4e klasse
- Earfol Gouden swurd fan Sint-Joaris (earesabel)
- Oarder fan Sint-Anna en earesabel
- Oarder fan Sint-Stanislaus
- Oarder fan Sint-Vladimir
- Ridderkrús fan de Oarder fan de Wite Earn
- Croix de Guerre mei Palm
- Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau
- Fleanderkrús op 23 april 1942[1]
Bibliografy
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|