Albert Plesman (De Haach, 7 septimber 1889 – dêre, 31 desimber 1953) wie in Nederlânsk loftfeartpionier en meioprjochter fan de KLM.

Albert Plesman yn 1953
Búste fan Albert Plesman op Skiphol
Stânbyld fan Albert Plesman, fan Mari Andriessen, by it eardere KLM-haadkantoar oan de Plesmanwei yn De Haach.

Libben en wurk bewurkje seksje

Hy waard berne as soan fan in aaihanneler út De Haach. Op skoalle foel Plesman al op troch syn earsucht, kriich en belangstelling foar wiskunde, natuerwittenskip en sport. In man dy't wist wat er woe, lykwols ek ûnbûchsem en in stiifkop neffens guonts.

Yn 1915 wie er as beropsoffisier legere yn Soesterberch dêr't de militaire luchtvaartafdeling (LuVA) doe har basis hie. Hy helle dêr ek yn 1918 syn militêr fleanbrevet. Plesman fernaam al rillegau dat er dochs mear in sakeman as fleander wie.

Oprjochting KLM bewurkje seksje

Nei de Earste Wrâldkriich wie er mei-organisator fan de ELTA, de Eerste Luchtvaart Tentoonstelling Amsterdam, dy't fan 1 augustus oant 15 septimber 1919 hâlden waard en dêr't leafst 800.000 minsken op ôf kamen. Foar de útstalling wiene mânske hallen boud, dy't nei it evenemint troch Anthony Fokker brûkt waarden foar syn lettere bedriuw, Fokker fleanmasinefabryk te Amsterdam-noard.

Op 17 oktober 1919 hat soks ek mei laat ta de oprjochting fan de fennoatskip Koninklijke Luchtvaart-Maatschappij voor Nederland en Koloniën (KLM), dêr't Plesman direkteur fan waard. Nei de Twadde Wrâldkriich waard Plesman beneamd ta presidint-direkteur fan de KLM. Hy makke der in florearjend bedriuw fan mei ynternasjonale alluere. Plesman pleite om 'e nocht foar it ferpleatsen fan Skiphol nei in plak yn de omkriten fan Burgerveen.

Syn fertsjinsten foar de ynternasjonale boargerloftfeart waarden postúm beleanne yn 1959 mei de earste Edward Warner-medalje.

Nyenrode bewurkje seksje

Yn 1942 wie Plesman finzene yn Skeveningen en tocht nei oer de takomst. "Jongens van Energie, Kennis en Daad" soene tige nedich wêze foar de weropbou fan it lân. Mei op Plesmans inisjatyf waard koart nei de oarloch kastiel Nyenrode yn Breukelen hierd fan de widdo Goudstikker en koe de earste business school fan Nederlân yn it neijier fan 1946 iepene wurde troch Prins Bernhard.

Hûshâlding bewurkje seksje

Albert Plesman sr. troude op 27 desimber 1917 mei Susanna Jacoba van Eijk (‘Suus’), dochter fan in tsiisfabrikant út Gouda. Hja krigen in dochter en trije soannen: Hans, Jan, Appie en Pia. Albert sr. stoar yn 1953 oan in bloedfetsykte.

Hans Plesman (J.C) (1918-1949) makke as reserve luitenant yn de maaiedagen fan 1940 de measte operasjonele fleanoeren yn in Fokker D.XXI en krige dêrfoar de Brûnzen Liuw. Hy ferûngelokke as KLM gesachfierder fan de Lockheed Constellation "Roermond" op 23 juny 1949 yn see by Bari, Itaalje.

Jan Plesman (1919-1944) waard Ingelânfarder en waard wol 'De Fleanende Hollanner' neamd; hy flechte yn 1940 mei syn freon, twadde luitenant by de LuVA Geert Overgaauw. Op de fyts gie it troch Belgje, Frankryk en Spanje nei Portugal. Dêrwei fleagen se yn in DC3 nei Bristol en waard Jan Spitfire-piloat. Op 23 desimber 1941 makke er syn earste solo-flecht. Op 1 septimber 1944 waard Jan mei syn 'Spitfire' fan it 322 Dutch Squadron RAF troch de Luftwaffe delsketten, wierskynlik noardeastlik fan Saint Omer. Hy is nea weromfûn en wurdt betocht yn it Air Forces Memorial yn Runnymede. Hy waard ûnderskieden mei it Krús fan Fertsjinste en it Frânske Oarlochskrús.

Appie Plesman (1922) wennet yn Rome. Pia Plesman (1924-2000) troude op 'e nij mei F. Smithuysen.

Ferskaat bewurkje seksje

Albert Plesman wie de betinker fan de namme Rânestêd. It ferhaal wol dat dat barde doe't er socht nei in gaadlike lokaasje foar in nasjonale loftthaven. Fleanend boppe it westen fan Nederlân seach er een ring van steden aan de rand van een grote groene ruimte, dy't er letter Rânestêd neamde.